From Wikipedia, the free encyclopedia
Viktor Michailovitsj Vasnetsov (Russysk: Виктор Михайлович Васнецов) (Oblast Kirov, 3/15 maaie(*) 1848 - Moskou, 23 juny 1926) wie in Russysk keunstskilder, dy't him foaral talei op mytologyske en histoaryske ûnderwerpen.
Vasnetsov waard yn 1848 berne yn in doarpke yn de Oblast Kirov as soan fan de doarpsgeastlike (pope). Syn pake wie ikoaneskilder en syn broer Apollinari wie ek in fertsjinstlik skilder.
Doe't er noch jong wie studearre Vasnetsov oan it seminaarje, dêr't er de ikoaneskilder holp. Ek assistearre de Poalske skilder Andriolli mei de fresko's fan de Alexander Nevski-katedraal yn syn bertedoarp. Nei it seminaarje gie er nei Sint-Petersburch. Yn 1870 waard er talitten oan de Keizerlike Akademy fan de Skoandere Keunsten, dêr't yn 1870 it keunstnerskollektyf De Swalkers oprjochte waard. Vasnetsov wie freon fan Ivan Kramskoj, en beskôge him as syn learmaster. Teffens koe it goed fine mei Ilja Repin. Yn dizze tiid skildere Vasnetsov meast tafrelen út it deistich libben.
Yn 1876 waard Vasnetsov útnûge om him yn Parys by de oare Swalkers te jaan. Dêr wie er in soad dwaande mei it yllustrearjen fan mearkes, sa as it ferhaal fan de Trije keninginnen fan it ûndergrûnske keninkryk. Sa rekke er lykwols al wat ferwidere fan it doel fan de Swalkers dy't realistyske keunst meitsje woene. Pavel Tretjakov, de mesenas fan de Swalkers woe syn wurk ek net mear keapje. Yn 1877 gong Vasnetsov werom nei Moskou. Nei 1880 skildere er hieltyd mear religieuze ûnderwerpen en ek ikoanen foar de keunstnersgroep Abramtsevo.
Yn 1884 krige er opdracht om de fresko's te meitsjen fan de Sint-Vladimirkatedraal yn Kiev. De ynfloedrike keunstkritikus Vladimir Stasov bestimpele dizze fresko's as hillichskeining. Vasnetsov rekke yn Kiev befreone mei de keunstskilder Michail Vroebel, dy't ek oan dy fresko's wurke. Yn 1885 giet Vasnetsov tydlik nei Itaalje, en arbeidet dêr oan dekor en klaaiïng foar de opera Sniefamke fan Nikolaj Rimski-Korsakov.
Stadichoan naam de ynfloed fan Vasnetsov ôf. Wol makke er yn dizze tiid syn ferneamdste skilderij: De trije bogatyrs (in soarte midsiuwske Russyske ridders). Vasnetsov lei him doe ek ta op oare keunstfoarmen sa as dekorbouwe foar de opera, Sadko fan Rimski-Korsakov. Dat die er tegearre mei syn broer Appollinari. Yn 1910 krige er opdracht om in nije mûtse foar de Russyske soldaat te ûntwerpen. Dat waard de bogatyrka, basearre op de kopdeksels fan de trije bogatyrs.
Tsjin 1900 hâlde Vasnetsov him ek dwaande mei arsjitektuer. Ien fan syn earste ûntwerpen op dit mêd wie in tsjerke yn Abramtsevo, dat barde yn 'e mande mei Vasili Polenov. Yn 1894 ûntwurp er syn eigen hûs en yn 1898 it Russysk paviljoen foar de Wrâldtentoanstelling yn Parys. Syn hichtepunt as arsjitekt kaam yn 1904 doe't er it ûnderkommen fan de Tretjakovgalery ûntwerpe mocht.
(*)Noat: de earste datum is neffens de Juliaanske kalinder, dy't yn Ruslân oant de Oktoberrevolúsje yn 1917 brûkt waard; de twadde is de datum neffens de Gregoriaanske kalinder fan no.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.