From Wikipedia, the free encyclopedia
Vellage is in Ortsteil fan de stêd Weener yn it Eastfryske Reiderlân (Nedersaksen). Yn it plak wennen op 31 desimber 2017 207 ynwenners.
Vellage | ||
De tsjerke fan Vellage | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Weener | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 207 (31 desimber 2017) | |
Hichte | 2 meter boppe NAP | |
Oar | ||
Postkoade | 26826 | |
Offisjele webside | ||
Webstee fan de gemeente Weener |
Vellage leit likernôch seis kilometer fan Papenburg ôf oan de râne fan de oerstreamdelte fan de Iems. It plak ûntstie oan in bocht fan de rivier op de noardeastlike kant fan in lytse geast.
In grut tal fynsten út de romeinske tiid wize op in iere oanwêzigens fan minsken. Mear fynsten datearje út de midsiuwen.
Foar it earst waard Vellage om it jier 900 hinne as Veldagi neamd. Út in register fan de 10e iuw is de oantsjutting Ueldlagi oerlevere. De plaknamme wol safolle as in "frije fjildflakte" sizze.
Vellage waard út Aschendorf wei stifte en foel derom earst ûnder it rjochtsfoech fan de biskop fan Osnabrück. Letter waard Vellage by it Reiderlân yndield.
Op 1 jannewaris 1973 waard Vellage by de stêd Weener yndield.
Weener | ||
---|---|---|
Haadplak: Weener | ||
Doarpen: Beschotenweg • Diele • Dielerheide • Halte • Holthusen • Holthuserheide • Kirchborgum • Möhlenwarf • Sankt Georgiwold • Stapelmoor • Stapelmoorerheide • Tichelwarf • Vellage • Weenermoor | ||
· · |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.