Fan Burmania is in Nederlânske famylje fan Frysk komôf dêr't de leden fan sûnt 1814 ta de Nederlânske adel hearre.
De stamrige begjint mei Upke (Wopke) Riencks fan Burmania fan Hitsum dy't yn 1420 neamd wurdt. Hy libbe fan om 1370 oant 1426. Neisieten wiene skepen en grytman yn Fryslân. Twa fan harren waarden op 14 novimber 1520 troch keizer Karel V fan 'e ryksadel makke.
Leden fan it skaai waarden by Sûverein Beslút fan 28 augustus 1814 erkend ûnder de Ealju fan Fryslân en sadwaande opnaam yn de Nederlânske adel. Twa oare leden waarden op 22 oktober 1814 talitten. It laach stoar yn 1825 út.
Upcke Riencks († Hitsum1426) is de stamheit fan it laach Fan Burmania. Yn 1408 waard hy neamd as Ocko op in state yn Hitsum, yn 1420 as Upcke op Birdingaterp ûnder Hitsum. Op 5 augustus 1420 segele er mei Upke in den Beddgaryp it fredesferdrach tusken Friezen en Grinslanners. Upke wie troud mei Geel Lollesdr fan Ockinga dy't fan Burchwert kaam en ferstoar yn1420. Hja wie in dochter fan Lolle fan Ockinga en Bauck Takesdr fan Camstra. Se krigen ien soan, Rienck Upckes
Rienck Upckes († 1434) wie de soan fan Upcke Riencks en Geel Lollesdr fan Ockinga. Hy wenne op Birdingaterp ûnder Hitsum. Hy wie nei alle gedachten troud mei Eeck Douwesdr fan Glins fan Dronryp, dochter fan Douwe (Doede) fan Glins en Both fan Epinga. Hja krigen twa bern: Upcke Riencks en Rienck Riencks.
Gemme van Burmania (± 1523 - 1602), politikus en ealman; soan fan Douwe fan Burmania en Saapke fan Idsma.
Oepke fan Burmania, meastentiids skreaun as Upcke van Burmania (± 1538 - 1615, Frysk histoarikus. Ien fan de earste protestanten ûnder de Fryske adel. Hy is in neef fan preester Upke fan Burmania