From Wikipedia, the free encyclopedia
Idzert fan Burmania (Ferwert, 25 oktober 1655 - dêre, 4 desimber 1708) wie in grytman út it laach Fan Burmania. Hy wie de soan fan Jarich fan Burmania en His fan Camstra.
Idzert waard op 29 april 1696 beneamd as grytman fan Raerderhim en op 14 maaie 1701 as grytman fan Ferwerderadiel oant syn ferstjerren yn 1708. Syn namme en dy fan syn frou steane op in Ferwerter sinnewizer út 1704.
Idzert troude op 25 jannewaris 1680 mei Teth Catharina fan Eysinga (doopt yn Wurdum op 25 oktober 1650, ferstoarn 4 jannewaris 1690). Hja wie in dochter fan Frans fan Eysinga en Aaltje fan Eysinga. Se krigen seis bern:
Nei it ferstjerren fan syn earste frou boaske Idzert yn 1694 Anna Doedt fan Schwartzenberg en Hohenlansberg (1668 - 24 augustus 1714) in dochter fan George Wilco fan Schwartzenberg en Hohenlansberg en Helena Maria fan Schwartzenberg. Anna wie widdo fan Hobbe fan Aylva (1645-1792) soan fan Ulbe fan Aylva en Hylck fan Lycklema. Ut dit houlik fan Idzert en Anna kamen fiif bern
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.