From Wikipedia, the free encyclopedia
Johannes Hartman van Aisma wie eartiids, sûnt 1914 beskermhear fan OKK Bitgum. Ek hat er in protte jild en prizen skonken oan de feriening, bygelyks yn 1929 de sulveren Van Aisma-telegraaf. Nei it ferstjerren fan Van Aisma gong syn fermogen oer yn de 'J.H. van Aimastifting'. OKK hat oant hjoed de dei (2007) in bysûndere bân mei dy stifting. De Van Aismastifting is nammentlik al sûnt 1966 beskermfrou fan OKK. Mei grutskens neamt OKK de namme fan de Van Aismastifting op harren briefpapier en op de keatslisten. Boppedat hat OKK twa bysûndere keatspartijen: De Van Aismadei en de Van Aisma Frouljuspartij. Sûnder stipe fan de Van Aismastifting soe OKK it keatsen net organisearje kinne sa't se no docht.
Van Aismadagen | ||||
holden yn | Bitgum | |||
sport | Keatsen | |||
organisator | keatsferiening OKK Bitgum | |||
earste edysje | 1914 | |||
|
Hjirûnder de klasseminten fan de Van Aismadagen (organisearre fan OKK Bitgum, bywurke oant en mei 2006. By de manlju binne allinnich dyselden opnommen dy't trije kear of faker wûn hawwe. Skeanprinte jiertallen jouwe it kening(inne)skip oan.
|
|
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.