From Wikipedia, the free encyclopedia
Ursem is in plak yn 'e gemeente Koggelân en foar in lyts part yn 'e gemeente Alkmar yn 'e provinsje Noard-Hollân.
Ursem | ||
Sint-Bavotsjerke. | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Koggelân Alkmar | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.995 (1 jannewaris 2023) | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 37 'NB, 4° 53 'EL | |
Kaart | ||
It doarp hat 630 (1 jannewaris 2023) ynwenners.
Yn 1083 waard Ursem 'Urisheim' yn 'e dokuminten fan de abdij fan Egmond neamd. Yn 1420 wie it 'Uresheim'. Oarspronklik lei it doarp wat noardliker, dêr't hjoeddedei de protestantske tsjerke stiet.
Oant de jierren 1960 wie Ursem net sa'n grut doarp mei in agrarysk karakter. Dêrnei woeks Ursem stadichoan út ta in grutter doarp. It doarp hat lykwols de âlde bebouwing wol beholden en yn it doarp en yn 'e polder binne noch in soad West-Fryske pleatsen te sjen.
Oant 1 jannewaris 1979 wie Ursem in selsstannige gemeente, dêr't ek it doarp Rustenburg ûnder foel en fierder de buorskippen Noorddijk, de Mijzen (sûnder it diel fan Oostmijzen) en in diel fan 'e eardere gemeente Skermer. De gemeente fusearre mei de gemeenten Avenhorn, Berkhout en Oudendijk ta de gemeente Wester-Koggelân, dy't op 1 jannewaris 2007 wer fusearre ta de gemeente Koggelân.
Sûnt 1980 falt de polder Ursem net mear hielendal ûnder it doarp. Oant en mei 31 desimber 2014 wie in lyts part fan it doarpsgebiet fan Ursem ûnderdiel fan 'e gemeente Skermer. Op 1 jannewaris 2015 gyng dat diel op yn 'e gemeente Alkmar.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.