From Wikipedia, the free encyclopedia
Uplengen is in gemeente yn de dielsteat Nedersaksen, yn it distrikt Leer, dy't yn 1973 oprjochte waard út achttjin earder selsstannige doarpsgemeenten. It haadplak is Remels. De gemeente wurdt karakterisearre troch in miks fan agrarysk lân, natuergebieten en lytse doarpen.
Yn de Stapeler Moor by Oltmannsfehn waarden prehistoaryske houten paden ûntdutsen, wêrmei't de minsken doedestiids it fean oerstekke koenen. It houten paad by Oltmannsfehn datearret tusken rûchwei 2000 f. Kr. en 700 f. Kr.; it is dus in paad út de jongere brûnstiid of de âldere (foar-Romeinske) izertiid. Op de fjouwer kilometer brede heidestrook tusken Großsander en de hjoeddeistige Westersteder buorskip Hollriede waarden ek houten paden ûntdutsen, en ek yn it gebiet Südgeorgsfehn. Dy houten paden waarden letter - mei útsûndering fan dy by Oltmannsfehn - troch de de groeiende heidefjilden oergroeid. Mear as 1.500 ikebeammen binne kapt en ferwurke foar it houten paad fan Oltmannsfehn. Argeologen geane derfan út dat it sa'n twa jier wurk duorre om it paad te meitsjen.
Sûnt de iere midsiuwen is der sprake fan trochgeande bewenning troch Friezen.
Lânbou is noch altyd in wichtich ûnderdiel fan de ekonomy fan Uplengen, mei grutte boeren dy't har rjochtsje op it ferbouwen fan grienten, nôt en it hâlden fan fee. It toerisme spilete in tige lytse rol.
Uplengen hat goede ferbinings mei de omlizzende stêden en doarpen troch grutte diken en iepenbier ferfier. Troch it suden fan de gemeente rint de A28. De gemeente hat gjin eigen spoarferbining, mar wol in wiidweidich netwurk fan fyts- en kuierpaden.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.