From Wikipedia, the free encyclopedia
De Universiteit fan Keulen (Dútsk: Universität zu Köln) is in wittenskiplike hegeskoalle yn 'e Dútkse stêd Keulen mei it fakkespektrum fan in echte universiteit. De universiteit waard yn 1919 as twadde universiteit yn 'e Weimarrepublyk (nei de universiteit fan Hamburch) stifte.,
Logo | ||
Lokaasje | ||
Lân | Dútslân | |
Plak | Keulen | |
Oare bysûnderheden | ||
Oprjochting | 1919 | |
Tal studinten | 45.000 (2022/2023) | |
Netwurken | CEMS, Coimbragroep, DFH, German U15 | |
Offisjele webside | ||
portal.uni-koeln.de |
De universiteit heart mei likernôch 45.000 studinten (2022/2023) ta de grutste universiteiten fan it lân.
Op 21 maaie 1388 joech paus Urbanus VI de stêd it privileezje om in universiteit op te rjochtsjen. Yn it Hillige Roomsk Ryk wie it nei de Karelsuniversiteit (Praach, 1348), de Universiteit fan Wenen (Wenen, 1365) en de Ruprecht Karl Universiteit (Heidelberch, 1386) de fjirde universiteit. It inisjatyf wie net lykas wenst ôfkomstich fan 'e keizer, mar fan it stedsbestjoer fan 'e frije ryksstêd Keulen, dy't ek de kosten dêrfoar betelje moast. Lykas alle universiteiten yn Frankryk waarden ûnder de besetting fan 'e Frânske revolúsjetroepen ek de universiteiten fan Keulen, Trier en Mainz opheft. Ynstee dêrfan stiften de Frânsen in sintraalskkoalle fan it Département de la Roer ûnder de namme Université de Cologne organisé en Ecole centrale.
Yn 'e rin fan 'e 19e iuw mislearre it ferskillende kearen om in nije universiteit te stiftsjen. Keulen krige troch de Keulske industriëel Gustav Mevissen op 1 maaie 1901 wer in Hannelshegeskoalle, dy't yn 1912 by de Hegeskoalle foar gemeentlik en sosjaal bestjoer foege waard. Al yn 1904 waard de earste Akademy foar praktyske Genêskunde iepene.
Nei de revolúsje yn Dútslân slagge it om op 4 jannewaris 1919 in Prusysk beslút der troch te krijen. Dat bestjutte dat njonken de universiteit fan Bonn mei de gearfoeging fan 'e besteande hegeskoallen Keulen in nije universiteit tastien waard.
Keulen waard fanwegen de grutte oanrin fan studinten sûnt 1925 de op ien nei grutste Prusyske universiteit nei de Friedrich-Wilhelms Universiteit fan Berlyn. Op 26 oktober 1929 waard de earste stien lein foar nijbou en yn 1934 begûn de universiteit mei de ferhûzing fan 'e âlde gebouwen oan it Römerpark nei de nijbou oan 'e Universitätsstraße. Op 5 april waard de ienfâldige nijbou offisjeel iepene.
Nei't de nasjonaalsosjalisten de macht krigen sette in 'suvering' fan 'e universiteit útein. De joadske professors waarden fral troffen en de universiteit rekke 23% fan it dosearend persoaniel kwyt. De bombardeminten yn 'e Twadde Wrâldkriich feroarsaken grutte skea, mar nei de oarloch koe it gebou al wer mei gauwens brûkt wurde.
Oan it begjin fan 'e 21e iuw wie de universiteit mei in lytse foarsprong op 'e Ludwig Maximilian Universiteit yn München de grutste fan it lân.
De universiteit hat seis fakulteiten:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.