Tsjalbert is in doarp yn it noardwest fan 'e gemeente It Hearrenfean. Tsjalbert hat 840 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Tsjalbert | ||
Aenjewiersterdyk | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | It Hearrenfean | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 840 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 9,30 km², wêrfan - lân: 8,51 km² - wetter 0,79 km² | |
Befolkingsticht. | 99 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 59' N 5° 56' E | |
Offisjele webside | ||
webstee fan Aenjewier | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje Tsjalbert (grien) yn 'e gemeente It Hearrenfean |
Skiednis
Mei de doarpen Terbant, Lúnbert en Gersleat foarme Tsjalbert eartiids de gemeente Aenjewier. Tsjalbert wie it grutste plak fan dy gemeente. Yn 1934 waarden de Aenjewierster doarpen mei in grut part fan de gemeente Skoatterlân weryndield by de nije gemeente It Hearrenfean. Aldere fermeldings fan Tsjalbert binne: Tyanlaberde (1315), to Tjallaberd (1481), Jellebert (1505 ) alias Tyalbert en Tjallebert (1664 en 1718).
Tsjalbert hie al yn 1315 in eigen tsjerke, dy't yn 1626 ferfongen waard. Dy tsjerke waard yn 1742 ferfongen en yn 'e jierren 1825-1826 oan 'e noardlike kant útwreide mei in dwersskip. De klok fan 'e tsjerke waard yn 1670 troch Petrus Overney getten. Tsjalbert hie ek in herberch, dêr yn in keamer rjocht sprutsen waard.
Op de earste kadasterkaarten wie der om Tsjalbert hinne mear bosk as tsjintwurdich. In stik bosk oan de súdkant wie fan Tjeerd Geerts van Roeden út Sechtjinroeden. De Aenjewierster doarpen foarmen ien lange streek mei yn it noarden fan de streek lege feanen en yn it suden hege feanen. Yn'e 18e iuw sette de feanterij yn Aenjewier útein, ynearsten yn it suden en dêrnei yn it noarden. Healwei de 19e iuw wie dat wurk dien en waard it ûnlân dat efterbleau yn kultuer brocht. Noardlik fan it doarp lizze De Deelen, in natoergebiet dat ûntstie nei it ôfgraven fan it fean.
Nei de Twadde Wrâldoarloch krige it streekdoarp nijbou om 'e tsjerke hinne sadat der in doarpskom ûntstie.
Mienskip
Yn septimber 2016 waard yn Tsjalbert de nije Multyfunksjonele Akkomodaajse Aengwirden iepene. Tsjalbert docht in soad yn 'e mande mei de oare Aenjewierster doarpen. It doarp hat ek in mienskiplik Pleatslik Belang. "Aengwirden Aktief" is de doarpskrante. It doarp hat in brânwarkazerne.
Tsjerke
- De Wikipedy hat ek in side Aenjewierder Tsjerke.
- PKN Tsjalbert-De Knipe
- Mennistegemeente It Hearrenfean-Tsjalbert (Yn 2023 waard bekend makke dat de fermanje fan Tsjalbert ôfstjitten waard).
Skoalle
Ferienings
|
|
(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de hiemside fan 'e Aenjewierster doarpen. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op dy hiemside)
Befolkingsferrin
Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2005 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1025 | 761 | 646 | 450 | 436 | 514 | 735 |
Jier | 2010 | 2015 | 2020 | ||||
Ynwenners | 782 | 810 | 840 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2009: 2015 en 2020: Alle Cijfers)
Berne
- Jan Wuite (1877-1946), boargemaster fan Smellingerlân.
- Henk de Wilde (1917-2004), deputearre foar Fryslân en boargemaster fan Skagen
- Jan Welles (1954), hurdfytser
Bekende ynwenners
- Fan 1841 oant 1850 wie Anthony Winkler Prins predikant yn Tsjalbert.
Eveneminten
Strjitten
Oer de strjitten fan Tsjalbert.
Publikaasje(s)
- S. Bakker "Vier dorpen, één streek. Terband, Luinjeberd, Tjalleberd, Gersloot"
Sjoch ek
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.