Reactor, foarhinne Tor.com, is Amerikaansk online-tydskrift op it mêd fan science fiction en fantasy, dat ienris yn 'e moanne ferskynd. It is in útjefte fan 'e útjouwerij Tor Books. Reactor hat gjin papierrene ferzje, en kin fergees lêzen wurde.
Reactor | ||
algemiene ynformaasje | ||
hist. namme | Tor.com | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | science fiction en fantasy | |
frekwinsje | 1x yn 'e moanne | |
bestean | 2008 – no | |
plak haadred. | New York (New York) | |
útjouwer | Tor Books | |
oplaach | n.f.t. (online-tydskrift) | |
tal abonnees | n.f.t. (fergees lêsber) | |
offisjele webside | ||
reactormag.com |
Skiednis
Reactor waard yn july 2008 oprjochte as Tor.com, en hie yn 2014 eltse moanne trochinoar 1,5 miljoen lêzers. Yn it blêd ferskine artikels en resinsjes oer science fiction en oare foarmen fan spekulative fiksje. Dêropta wurde yn it tydskrift ek nije koarte ferhalen publisearre, benammen fan science fiction.
Yn 2014 omskreau de Britske krante The Guardian Tor.com as "de regearjend kampioen fan 'e science fiction-tydskriften". Dy bewearing waard ûnderboud troch û.o. de fermelding dat yn it blêd nij wurk publisearre wie fan "in protte fan 'e nije talinten dy't de measte opwining feroarsaakje," lykas Maria Dahvana Headley en Karin Tidbeck.
Op 23 jannewaris 2024 waard Tor.com omneamd ta Reactor.
Ymprint
Sûnt maaie 2014 wie Tor.com ek in ymprint fan Tor Books, dy't brûkt waard om koarte fiksje ûnder út te jaan, lykas novellen, koarte romans, ferhalebondels en blomlêzings.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.