From Wikipedia, the free encyclopedia
Tom Fenchel (folút: Thomas Michael Fenchel; Kopenhagen, 19 maart 1940) is in foaroansteand Deensk seebiolooch en heechlearaar.
Fenchel waard yn 1940 berne yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen, dêr't er yn 1964 en 1969 twa doktoraten yn 'e biology en ekology behelle oan 'e Universiteit fan Kopenhagen. Hy hat lesjûn as heechlearaar, earst oan de Universiteit fan Aarhus en letter oan de Universiteit fan Kopenhagen. Hy konsintrearret him benammen op marine biology, mar hat him ek dwaande holden mei botanyske ûnderwerpen.
Fenchel is in wittenskipper dy't in soad oanhelle wurdt,[1] en stiet û.m. bekend om 'e Wet fan Fenchel (oangeande de ferhâlding tusken populaasjegroei en de grutte fan it oangeande organisme). Hy is lid om utens fan 'e Royal Society[2] en as redakteur belutsen by it wittenskiplik tydskrift Science.[3]
Yn 1986 ûntfong er de ECI priis foar ekology, en sadwaande kaam der yn 1987 in boek fan him út yn 'e ECI Priiswinnersrige Excellence in Ecology, mei as titel Ecology: Potentials and Limitations.[4] Fan 2004 oant 2008 wie Fenchel foarsitter fan 'e Keninklike Deenske Akademy fan Wittenskippen, dêr't er al sûnt 1976 lid fan wie. Yn 2006 waard er ûnderskaat mei de A.C. Redfield-oeuvrepriis fan it Amerikaansk Genoatskip foar Limnology en Oseanografy. Teffens is er lid fan 'e Noarske Akademy fan Wittenskip en Letteren en fan 'e Amerikaanske Nasjonale Akademy fan Wittenskippen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.