Remove ads
liet fan Bobby Bare From Wikipedia, the free encyclopedia
The Gambler is in Ingelsktalich liet fan 'e Amerikaanske sjonger Kenny Rogers, dat yn 1978 ûnderdiel útmakke fan syn album The Gambler. It is in countryliet oer de lêste rie fan in âldman, dat skreaun waard troch Don Schlitz. De titel betsjut: "De Gokker", wat neitiid in bynamme fan Rogers waard. The Gambler waard mids novimber 1978 útbrocht as single, en groeide út ta ien fan Rogers syn grutste hits. It liet berikte it earste plak yn 'e Amerikaanske Hot Country Singles-hitlist en waard yn Nij-Seelân sertifisearre as twa kear platina. Ek wûn Rogers der in Grammy Award mei, de wichtichste Amerikaanske priis op it mêd fan muzyk. The Gambler waard letter covere troch ferskate oare artysten, ûnder wa Johnny Cash.
The Gambler | ||
algemiene ynformaasje | ||
artyst | Kenny Rogers | |
album | The Gambler | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | country | |
útbrocht | 15 novimber 1978 | |
doer | 3:34 | |
label | United Artists Records | |
skriuwer | Don Schlitz | |
komponist | Don Schlitz | |
produsint | Larry Butler | |
resultaten | ||
ferkocht | 798.000 (digitaal, 2013) | |
hitlisten | nû. 1 yn 'e Feriene Steaten nû. 2 yn Kanada | |
prizen | Grammy Award 1979 | |
sertifisearre | (2× platina) | |
covers | Johnny Cash, Blake Shelton e.o. |
Don Schlitz skreau The Gambler yn augustus 1976, doe't er 23 jier wie. It liet gie eins oer syn heit, dy't doe koartby stoarn wie. Hy besocht it twa jier lang om 'e noch oan 'e man te bringen yn Nashville, it sintrum fan 'e Amerikaanske countrymuzyk, foar't it úteinlik op oantrúnjen fan Shel Silverstein opnommen waard op it album Bare troch Bobby Bare. Dy ferzje sloech lykwols net oan en waard nea útbrocht as single. Schlitz besocht it doe mar sels, mar syn eigen ferzje kaam net heger as it 65e plak yn 'e Hot Country Singles. Dat soarge der lykwols al foar dat The Gambler opmurken waard troch oare countrymuzikanten. Johnny Cash naam it nûmer yn 1978 op foar syn album Gone Girl. Mar it wie de ferzje fan Kenny Rogers, produsearre troch Larry Butler foar United Artists Records, dy't úteinlik trochbriek as single.
Yn The Gambler rekket de ik-persoan by in nachtlike treinrit oan 'e praat mei in âlde gokker. Dyselde kin oan 'e gesichtsútdrukkings fan 'e ik-persoan wol sjen kin dat er mei problemen ompakt, en yn ruil foar in slok fan syn whiskey en in sigaret biedt er oan om him rie te jaan. Dy rie bestiet út pokermetafoaren: "Moatst witte wannear'tst dyn kaarten fêsthâlde moatst, en wannear'tst se delsmite moatst, wannear'tst fuortrinne en wannear'tst drave moatst. Moatst nea dyn jild telle ast noch oan 'e tafel sitst; hast tiid genôch om it te tellen nei ôfrin fan it spul." En: "it geheim fan it oerlibjen is datst witst watst hâlde en watst fuortdwaan moatst, want eltse hân is in winner en eltse hân is in ferliezer, en it bêste dêr'tst op hoopje kinst is om te stjerren yn dyn sliep." As er dat sein hat, drukt de gokker syn sigarettepeuk út en jout er him del. It liet einiget as de ik-persoan fertelt dat de gokker "earne yn it tsjuster […] kyt spile" (d.w.s.: yn syn sliep ferstoar), mar yn syn lêste wurden fûn de ik-persoan in troefkaart om te bewarjen.
Yn 'e ferzje fan Kenny Rogers wie The Gambler wie in trochslaand súkses. Hy berikte it earste plak yn 'e Amerikaanske Hot Country Singles-hitlist, en krong sels de pophitlist Billboard Hot 100 binnen (en helle dêr it 16e plak) yn in tiid dat soks countrylieten frijwol nea slagge. Rogers wûn mei de single in Grammy Award yn 'e kategory bêste manlike country-sang, en in Music City News Award foar single fan it jier.
Om utens berikte The Gambler plak nû. 2 yn 'e Kanadeeske Canada Country Tracks-hitlist fan it tydskrift RPM en plak 8 yn 'e Canada Top Singles-pophitlist, ek fan RPM. Yn Nij-Seelân waard de single sertifisearre as twa kear platina.
The Gambler groeide út ta ien fan 'e populêrste hits fan Kenny Rogers en it liet dat it meast mei him identifisearre wurdt. It stie op in grut tal fan syn sammelalbums en yn 2007 brocht er it liet op 'e nij út as single. Yn novimber 2013 wiene der fan it nûmer 798.000 digitale downloads ferkocht.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.