Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Teuderik I (487 – 533 of 534) wie in Frankyske kening dy't oer it eastlike part fan it Frankyske ryk, Austraasje hearske.
Teuderik waard om 485 berne, hy wie de âldste soan fan kening Klovis I dy't alle Frankyske folken ûnder ien bewâld feriene hie en machtichste hearsker fan de eardere Romeinske provinsjes yn Galje. Syn mem is net bekend en wie fermoedlik in konkubine. De jongere broers fan him hiene in oare mem, Klotildis, in Boergondyske prinses.
Yn opdracht fan syn heit yn 508 liede hy in fjildtocht yn Auvergne. Nei de dea fan syn heit yn 511 waard it Frankyske ryk opdiele yn fjouwer parten. Eltse soan krige in eigen diel en Teuderik waard kening fan Austraasje, it meast eastlike diel fan it ryk. As residinsje keas er Reims. Fan dêrút besocht er Austraasje fierder nei it easten út te wreidzjen yn Germaanje. Mei syn broer Klotarius I late hy yn 531 in fjildtocht tsjin de Türingers yn Türinge en ferovere grutte parten tusken de rivieren de Elbe en de Main.
Doe't hy twa jier letter (533) troch kening Herminafrid fan Türingen útnûge waard foar in besyk oan Zülpich waard hy lykwols fan de stedsmuorre ôfsmite en ferstoar. Syn soan Teudebert I folge him op as kening fan Austraasje.
Teuderik wie earst trout mei Suavegotta, de mem fan syn trije bern, syn twadde frou dêr't de namme net fan oerlevere is wie in dochter fan de Boergondyske kening Sigismund. Dat houlik wie mooglik ek de reden dat er net dielnaam oan de militêre aktiviteiten fan syn bruorren tsjin dat keninkryk.
Under Teudebert hawwe de Franken net oer de Ryndelta hearske, mar ûnderhâlden wol diplomatike bannen mei de Friezen. Neffens de Liber Historiae Francorum stjoerde Teuderik syn soan Teudebert nei it noarden ta om tenei de Friezen by te stean tsjin de Denen dy't dêr in ynfal dienen, (sjoch: de slach oan de Ryn).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.