Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Austraasje, it saneamde Eastlân, wie it noard-eastlike part fan it Merovingyske keninkryk, dat bestie út it eastlik part Frankryk, it westen fan Dútslân, Belgje beëasten de Skelde en súdlik Nederlân. De haadstêd fan it ryk wie Metz, mar guon keningen regearden ek út Reims wei.
Nei it ferstjerren fan de Frankyske kening Klovis yn 511 waard syn keninkryk ferdield ûnder syn fjouwer soannen. Teuderik I krige it eastlike part. Austraasje hie hieltyd swierrichheden mei syn buorlân, Neustrje. Yn 613 waarden de twa riken wer ferienige troch Klotarius I, dy't syn haadstêd yn Parys festige.
Under it regear fan kening Dagobert foel it ryk wer út inoar. Pas doe't de hofmeier Pippyn fan Herstal yn 687 Neustrje oerwûn, waarden de twa riken wer gearfoege. Doe't syn pakesizzer, Pippyn de Koarte, kening fan 'e Franken waard en de hartoggen fan Boergonje ek oerwûn, begûnen de nammen en tuskengrinzen te ferdizenjen en waard inkel noch mar sprutsen oer it Frankyske Ryk.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.