Remove ads

Swarte Harne (ek Swarte Haan; Biltsk: Swatte Haan) is in buorskip oan de Waadseedyk, by Sint-Jabik yn de eardere gemeente It Bilt, no fúzjegemeente De Waadhoeke. De namme komt ek foar as Zwarte Haan, Swarte Herne en De Swarte Haan Swarte Harne is nei de yndiking fan 1715 ûntstien oan 'e Nije Biltdyk. By de seedyk stiet it H.G. Miedemagemaal, dat de ôfwettering fan It Bilt yn de waadsee fersoarget. It gemaal is ferneamd nei de eardere foarsitter fan it wetterskip Noardlik Westergoa, Henk Miedema.

Thumb
Swarte Harne
Thumb
Swarte Harne
Thumb
Utwettering fan it H.G. Miedemagemaal yn de Waadsee

De namme harne komt fan in hoeke tusken twa seediken. Oant 1948 wie dêr it fear op It Amelân en Skylge. It plak krige syn namme troch in herberch De Schwarte Hinde dy't yn 1811 neamd wurdt, swart is de kleur fan it slyk yn de Waadsee.

Swarte Harne wurdt ek wol "it begjin fan de wrâld" neamd, omdat it Jabikspaad dêr begjint. It buorskip leit ek oan it Fryske Kustpaad

Remove ads

Keunstwurken

Op Swarte Harne stiet De Slykwurker, in brûnzen byld fan lânarbeider, makke troch Frans Ram ta eare en oantins fan de manlju dy't it Bild bepoldere hawwe. Yn 2010 kaam it keunstwurk 'Om de kwaliteit fan de romte', in ûntwerp fan Gunnar Daan ta oantins fan deputearre Anita Andriesen.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads