Wikimedia-list From Wikipedia, the free encyclopedia
De Strjitten yn Akkrum: Register:A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
It Achterom - ferbynt de Feansterdyk mei de Mounedyk. It is de efterom fan de winkels yn de Buorren. (Tusken Buorren en Ulbe Twijnstrawei-east). Sûnt ûngefear 1850 bestiet ek de folksnamme 'Kuperskampke' dat efter de herberch 'Het wapen van Zevenwouden' besuden fan de Trigreppel lei. Yn 1837 waard de herberch ferkocht: By persiel 1 fan de keapakte stiet omskreaun: "Een stukje weiland 'De Stripe' genaamd, 3 pm. groot”. Yn 1941 keapet Sjoerd Kuiper de herberch mei de Stripe, dy't letter de namme Kuperskampke krige. Dy namme is yn it ferjitboek rekke sûnt dêr huzen op boud binne.
Adam Hurdriderstrjitte - De Adam Hurdriderstrjitte is ien fan de lêst oanleine strjitten fan it Himmen-plan yn Akkrum Noard. Adam (Hurdrider) de Boer (Akkrum 1721 – Dearsum 1800) wie in ferneamd reedrider dy't berne is op de pleats dêr't yn 2022 Greijdanus wennet, efter Coopersburg.
"Akkrumerdyk" - sa't Akkrumers de dyk nei Aldeboarn de 'Boarnsterdyk' neame, neame de Boarnsters de dyk nei Akkrum de 'Akkrumerdyk'. En dat is ek sa mei de dyk nei Terherne. De Terhernsters neame de dyk nei Akkrum de 'Akkrumerdyk', de Akkrumers neame it de 'Terhernsterdyk'.
Alde Rykswei - De Alde Rykswei rint hast bylâns de A32 en it spoar fan Ljouwert nei It Hearrenfean. De dyk begjint ûnder it fiadukt ‘De Stringen’ en rint oant it fiadukt ‘Sydhuzen’. De Ald Rykswei is in diel fan de eardere Ryks(strjit)wei 32.
It Bjinstap - yn de wyk Boarnstee-Súd. By in bjinstap oan it wetter waarden amers, dweilen en oar guod útspield.
Boarnsterdyk - De Boarnsterdyk is foar it meastepart oanlein op de Nije Slachte en it wie eartiids in modderdyk, dy't fan de Kleef yn Akkrum nei Aldeboarn rûn. Op in pear stikjes nei rint de dyk bylâns de Boarn. Oant ein 18e iuw waard de dyk oanjûn as púndyk en om 1830 as in 'grintwei'. Yn 1864 waard de dyk ferhurde mei makadam-stienslach en wurdt sprutsen oer in 'keunstwei'. It stik yn Akkrum wie wyls mei klinkerts befluorre. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard de dyk asfaltearre, mar de dyk wie al degradearre ta fytspaad en it lytse ferkear, omdat hast parallel der njonken yn de tritiger jierren in nije ferkearsdyk nei Aldeboarn oanlein wie. sjoch ek: Akkrumerdyk.
Boarnsterdyk Tsienhuzen - folksnamme
De Boarnswâl - Yn in belestingberekkening út 1688 oer it útdjipjen fan de Trigreppel stiet in pear kear: “wegens zijn huys aan de Boornswal”. Ek by reparaasjes oan de Wide Steech en de Smelle Brêge komt de namme Boarnswâl foar. Yn 1955 is de Boarnswâl yn twaën ferdield; it westlike diel fan de Smelle Brêge krige de namme fan Bûterwâl. De strjitte eastlik fan de brêge bleau Boarnswâl. De steechjes, dy't eartiids op de Boarnswâl útrûnen, binne mei de sanearring fan it doarp opromme. Der koe fan de Smelle Brêge nei it Brêgegat in nije dyk oanlein wurde, dy't yn 1955 de namme “Boarnswâl” krige.
Boerepaad - fan de Trigreppel nei de Ulbe Twijnstrawei en kin sjoen wurde as in fuortsetting fan de Boerestege. Foarhinne rûn hjir in paad del foar de boeren, dy't lân yn de polder hiene.
Boerestege - De Boerestege is it fan de âldste stikjes fan Akkrum. De stege rint fan de Dringelstrjitte nei de Trigreppel en wie yn it ferline eigendom en yn ûnderhâld by de tsjerke. De boeren koene "oer it Set” yn de polder kommme, dêr't ek de Pastorielannen en 'Buerefienne' leine. Yn 1688 at de Trigreppel baggele wurdt, skriuwt de skoalmaster Isaack Tiberri, dy't de belesting opmakke, al Boerefenne”. Mar yn 1733, at it wer oan baggeljen ta is, brûkt de man wer 'Buurefenne en Buurzet'. De namme Boerestege hat sûnder mis mei de eardere Buerefenne” te krijen en hinget gear mei de Buorren. De Boerestege rint fan de Dringelstrjitte oant it brechje oer de Trigreppel. Der steane mar in pear huzen oan ien kant fan de Boerestege. Oan de oare kant stiet de sydgevel fan de Lantearne en in hok dat oan de tún fan de Lantearne grinzet.
Bokkumer Omwei - oanlein nei it ree kommen fan de wyk Boarnstee en de Boarn omlein is. De dyk rint fan Goattum en Burstum nei Akkrum, fan de Sylroede oant de A32, dan bylâns de A32 tot oan de Boarnsterdyk.
It Brêgegat - Yn âlde keapakten wurdt 'Het Bruggegat' neamd. Yn 1699 waard Akkrum by in trochbrek yn twa helten dield, dy 't de oanlis fan de 'De Flapbrugge' needsaaklik makke. De flapbrêge waard letter ferfongen troch in draaibrêge, dat as gefolch hie dat oan wjersiden in gat groeven wurde moast, dêr 't in rail yn kaam foar it ôfdraaien. De fraach is, hat it brêgegat syn namme te tanken oan dy brêgegatten of is der yndie sprake fan in gat yn de betsjutting fan 'trochgong', lykas Sipma yn syn Fryske Nammekunde 2 op side 76 oanjout.
Buorren - De buorren binne it diel fan it doarp dêr't de huzen it meast oanien steane, de kearn fan in doarp. Yn de Ald Fryske Oarkunden fan 1320 stiet oer de âlde doarpskearn fan Akkrum: “hwsen ende Steden, lidzende in Ackeremma bwren by da westera syda dat personna hws oen dat hoeff”. Dêrmei sil it Heechein, de Buorren en de Dringelstrjitte bedoeld wurde, yndie de âldste kearn fan it doarp. Destiids waard it stik fan de doarpsstrjitte fan de Kleef nei de Brede Brêge ta de Kleef rekkene, mar letter waard dit ek by de Buorren foege. Yn 1955 hat de nammejouwingskommisje dat oernomd en no rint de Buorren fan de Kleef oant de Doopsgesinde tsjerke.
Bûterwâl - It westlik diel fan de Boarnswâl besuden de Boarn. Oant 1852 stie hjir de bûterwaach. Op dit plak oan it wetter stiene eartiids ek tsiis- en bûterpakhuzen. Benammen op tiisdei en freed wie it dêr drok, omdat op dy dagen de boaten en skippen mei skiep, lammen en biggen op de wâl lost waarden, bestimd foar de Akkrumer eksportslachters.
Dokter Idzerdastrjitte - nei Wieger Hendrikus Idzerda. De Dokter Idzerdastrjitte is ien fan de lêste strjitten yn de wyk de Himmen/Jimmen om 1988-“89. Dr. Idzerda wie in ôfstudearre dokter, dy't nea in praktyk hân hat. Hy wie mear in hannelsman en dêrnei politikus. (1816 – 1881). Hy hat der mei foar soarge dat it spoar fan Ljouwert nei it suden komd is.
Dringelstrjitte - De huzen oan de Dringelstrjitte steane op de râne fan de tsjerketerp en binne eins ûnderdiel fan de 'ring' dy't destiids om it tsjerkhôf lei. Oan de kant fan de strjitte wie dy ring skaat troch in saneamde ringmuorre, mar fieders leine tsjerke en toer yn in brede krânse fan esken- en iperenbeammen, sa't bliken docht út de notysjes fan in tsjerkeboek oer de opbringst fan houtferkeapen. Yn 1793 wurdt de ringmmuorre ôfbrutsen en ferfongen troch in hulsthage (“die niet wassen wilde”) mei “stenen palen en ijzeren leunings om ’t kerkhof”. Yn it lêst fan de 19e iuw waard in izeren stek om it tsjerkhôf setten, dat it útholden hat oant de Twadde Wrâldoarloch. Oan de útein fan de Dringelstrjitte stiene njonken de tsjerke en de toer ek oare eigendommen fan de tsjerke: de pastorij, de skoalle en de rjochtkeamer (yn it tsjerkeboek “het weerhuis” neamd). It rjochthûs waard yn 1757 ôfbrutsen en de skoalle gie yn 1851 oer naar de gemeente, d.w.s. nei it doarp Akkrum. Doarpsdichter Willem Johannes Koopmans beweart, dat de namme Dringelstrjitte ûntstien is út “De Ringelstrjitte” en dat liket ek Van der Molen wol oannimlik. F.J. de Zee bringt it yn syn ynstjoerde stik yn ferbân mei it rjochthûs dêr: 'dinge' of 'dyngen' (= rjochtsprekke) en de rjochter waard 'dinger' of 'dynger' neamd, mar, seit hy, yn 1730 skriuwt men wer “Dringelstrjitte” mei de Trigreppel op de súdkant.
Dwerspaad - besuden fan de Trigreppel, dat de ferbining foarmet tusken Sinnebuorren en de Ulbe Twijnstrawei.
Folkert Kupersstrjitte - Folkert Kuipers wie in man dy't yn Amerika miljonêr waard en út begrutsjen mei de earmen yn Akkrum Coopersburg bouwe liet.
It Finlân - strjitte yn de Himmen, it gebiet bestie foar de bebouwing út greide. In finne is greide dy't komselden meand wurdt
Finkebuorren - In âld buertsje. Yn 1880 komt buorkerij nr.16 fan it Floreenkohier yn oare hannen en wurdt de terp ferkocht oan in Walma, dy't de terp ôfgrave liet. Allinnich it foarhûs bleau stean en stiet der noch. Dat ôfgraven fan de terp hie as gefolch dat it leechste diel winterdeis ûnder wetter kaam te stean en de namme 'Walma’s dobbe' krige. De bettere wetterôffier en it legere wetterpeil hawwe soarge dat de dobbe ferdwûn. Walma liet hjir efkes nei 1900 huzen sette, dêr wie doe yn Akkrum in soad ferlet fan. Sa ûntstie besuden fan de Trigreppel in nije buert, dy 't de namme Vinkeburen of Vinkebuurt krige, mar offisjeel yn 1955 Finkebuorren kaam te hjitten. De namme sil te krijen ha mei in fûgel, mar neffens Kalma mear mei 'finne' yn de bestjutting fan 'greide', of ek wol 'leech lân'.
G.S. de Ruiterstrjitte - G.S. Ruiter hie in reedfabryk yn Akkrum.
Galemaleane - Doe't Akkrum yn 1868 te krijen krige mei de oanlis fan it spoar Ljouwert-Swol waard de strjitte der hinne Stasjonswei neamd. De strjitte rint oer it hiem en lannen fan de eardere Blinkstra- of Galamastate. Yn 1470 kaam Douwe Galama fan Koudum op de stins; in efterpakesizzer, Wyts fan Galama troude mei Jonker Leendert Huygis en sa stiet op de kaart fan Schotanus (1693), ”Jr. Huygis de Hopmans”. At dy yn 1622 stjert, lit syn soan de stins ôfbrekke en lit dêr dan twa pleatsen sette, dy't ûnder de nûmers 6,7 en 8 in 1640 yn it stimkohier opnomd wurde.
It Gearstalt - earder ek de gebrûksnamme de Opslach en yn de folksmûle Los- en Laadwâl. De Opslach lei(t) tsjin it spoar, by de spoarbrêge. Eartiids wie der in skiphûs foar de tûnepream fan de gemeente Utingeradiel. Der waard guod opslein en der wie in los- en laadplak foar ûnder oare de tsizen fan Van Woerden. It wie in lisplak foar boaten dy't wachtsje moasten foar de spoarbrêge. Sinterklaas wurdt hjir ek al hiel lang ûntfong. Nei in priisfraach fan Pleatslik Belang Akkrum-Nes waard de namme 'It Gearstalt', betocht troch frou Betty Zonneveld. De namme ‘Gearstalt’ jildt foar beide siden fan de spoarbrêge. Nei de komst fan de nije spoarbrêge en ûndertrochgong fan de autowei (2007) wurdt ek wol sprutsen fan ”De Bûlevard”.
Griene Eker - strjitte foar it begraafplak oer, bylâns de Boarnsterdyk. Hjir kamen, tagelyk mei dy fan de Túntsjes, yn 1917 de earste huzen oan de Boarnsterdyk tusken it molkfabryk en Nes.
Grytmanswei in grytman wie de eartiids in soarte boargemaster. Yn 1930 kocht de Gemeente Utingeradiel it kapitale wenhûs oan de Stasjonswei foar it stasjon oer om it as gemeentehûs te brûken. Troch de tún waard in dyk oanlein nei de Feansterdyk, dy't de namme Raadhuisstraat jûn waard. Foarhinne wenne de boargemaster noch yn Aldeboarn, mar yn 1959 stimde de ried, dat Akkrum as sintraal plak de residinsje wurde moast en waard op de hoeke fan de Raadhuisstraat en de Feansterdyk in hûs foar de earste boarger fan de gemeente boud. Van der Molen seit yn syn publikaasje fan 1957 (Fr. Plaatsnamen side 10): De boargemaster krijt straks syn wenning op de hoeke fan dizze strjitte en giet der dus alle dagen del nei en fan syn wurk yn it gemeentehûs”. It waard dêrom yn 1955 'Grytmanswei'.
Heechein - It hegere stik dyk fan Akkrum dat oer de terp rint. Tusken de Buorren en de Ljouwerterdyk en leit krektas de Dringelstrjitte oan de râne fan de tsjerketerp en is oanlein op de âlde Slachte. Hjir sille yn it begjin fan de delsetting tusken pleatsen al huzen boud wêze. Yn 1489 is sprake fan “hwsen ende steden, lidszende in Ackeremmabwren” en dêr sil grif ek it Heechein bedoeld wurde. It Heechein wie letter it plak dêr't de hearehuzen fan de keaplju en de notabelen boud waarden.
Heechfinne - It lân lei hjir wat heger as de oanlizzende stikken lân.
It Hiemstee - nije strjitte yn Akkrum-East. De huzen dy't hjir boud binne, steane op in hiem fan de buorkerij dy 't as nr.5 yn it Floreenkohier opnomd wie en ôfbrutsen wurde moast.
Hylkemapôle - De Hylkemapôle is omsletten troch It Krompaed en de Trigreppel. De namme komt fan de eigener Hylkema dy't op de hoeke fan It Krompaed en Heechein wennet. De Hylkemapôle en It Krompaed sitte foar in diel oan elkoar fêst. Sjoch ek: Krompaad.
Himdyk - oanlein yn 1970 yn bestimmingsplan de Himmen oan de noardkant fan de Boarn.
Hopmanshof - Op de Schotanuskaart fan 1693 is by de Galamastins oanjûn “Jr. Huygins vulgo de Hopmans”. De Jonker wie troud mei Wyts fan Galama. Beide lizze yn de Akkrumer tsjerke begroeven. It hjoeddeiske fjouwerkant om de muzyktinte hinne oan de Lange Miente krige de namme Hopmanshôf, omdat it by it steed fan de stins leit.
S.P. Hoytemastrjitte - gjin echte strjitnamme, mar oanleunwenten fan soarchsintrum ‘Leppehiem’. Sybren Piters Hoytema hie in oaljeslaggerij yn Akkrum.
Jokwei - yn Akkrum-East, fan it Melkerspaad nei de Mienewei. De namme ferwize nei buorkjen, omdat it lân by de pleats dy't hjir stien hat en ek omdat it molkfabryk en de F.C.E. (agraryske yndustry) dêr beide stiene.
Jousterdykje - Jonker Vegelin fan Claerbergen hat war dien om in bettere ferbining tusken De Jouwer en Akkrum. Yn 1723/25 kaam de wei klear, dy't al gau de Veglinswei neamd waard. Eekhoff neamt de wei op syn kaart fan 1849 “De Hooge Dijk”; yn it Floreenkohier fynt Bakker by de pleats nr. 6 de nammen “de rijdweg naar Joure” en/of “de grindweg naar Joure”. Yn Akkrum waard de wei meastal de Jousterdyk neamd. Sûnt de oersetoer it Deel opheft waard, wurdt de wei hast net mear brûkt. Sjoch ek: Nije skou
Kanadeeskestrjitte - De Kanadeeskestrjitte is in stikje fan de Slachte fanôf De Kleef oant de spoaroergong. De strjitte ûntstie nei de oanlis fan it spoar yn 1868. Akkrum wreide him doe út nei it easten. Fan âlds stie by de Kleef in draaihikke, dy't it doarp ôfsluet fan wat doe in modderwei wie. Yn 1838 waard de hikke opromme en de dyk ferhurde. Nei 1870 kamen by de Boarn lâns huzen oan d dyk te stean en sa waard sprake fan in streekdoarp, dat him wat mear nei it easten ta útwreide. Yn 1945 waarden de Kanadeeske befrijers yn Akkrum ynkertiere. As blyk fan wurdearring krige de strjitte de namme fan “Princess Louise Fuselierstraat” mar de befolking makke der foar it gemak al gau P.L.F. -strjitte fan. Yn 1955 waard dit feroare ta Kanadeeskestrjitte.
Keakelstege - De stege rûn fan it Heechein ôf nei de Boarn ta, lykas hast alle steechjes yn Akkrum. Om 1800 wenne hjir de timmerman Bouwe Eling, dy't yn 1811 de efternamme fan Lingsma oannimt. De Akkrumers ferhispelen de namme ta Boujillingsteech, mar brûkten meast de namme “Keakelsteech”, omdat der in soad rabberijen en skeel wie. Dat wie gjin wûnder, want de behuzing wie min en tige hoar. It wiene meast ienkeamerwenten mei in panstrutsen dak en boppedaqt wennen der in soad grutte húshâldings. Doe 't yn it lêst fan de fjirtiger jierren fan de tweintichste iuw de minister op útnoeging fan de gemeenteried it doarp besocht, hat benammende earmoedige Keakelstege de trochslach jûn foar it beslút, Akkrum subsydzje te jaan foar de doarpssanearing. Dêrnei waard begûn mei de krotopromming en ferdwûnen dêrmei ek stegen.
Kleasterwei - nei it kleaster Nesker Konvint.
Kleef - Foarhinne hold Akkrum by de Kleef op. Op in tekening fan Cornelis Pronk fan sa. 1760 is op te meitsjen dat it pleintsje dat no sa hjit, noch net befluorre wie, hoewol't der al in tal huzen stiene. Yn de dokuminten wikselt it lidwurd gauris, mar nei ûngefear 1800 bliuwt it meast de Kleef. Wat de namme oangiet tinkt Van der Molen oan “klif” steile kant fan de Boarn) of “kliuw”(kliuwen), mar zo steil is de wâl fan de Boarn ek wer net en fan kliuwende dyken koe gjin sprake wêze omdat hjir earder noch gjin trijesprong wie. Spahr van der Hoek komt mei “cleft” (=kluft”, diel fan in doarp) en dat komt hjir mear mei de eardere situaasje oerien.
Klokmakkersstege -
Koartemiente - Earder Radiostrjitte. Yn 1933 waard dizze strjitte oanlein en waard neamd nei de man fan de radiodistribúsje dy't hjir wenne. It waard letter sels de offisjele namme oant men yn 1955 oardiele dat der neist de Lange Miente der ek in Koarte Miente wêze moast. Boppedat wie de radiodistribúsje al foarby. Mei de namme “Miente” waard ferwiist nei “de totaliteit fan de stimdragende pleatsen yn de midsiuwen neist de Grytman, it folk”.
De Kromme Sâne - op it eardere UTD-terrein, no bedriuwsterrein
Krompaad - ek Hylkema Pôle. Neamd nei it ferrin fan dit dykje dat fan it Heechein nei de Trigreppel rint. Oarspronklik wie it in reed, dy 't brûkt waard troch de boer fan Sminiastate om by syn lân yn de polder te kommen. Yn it dykje dat foar in part net ferhurde is, sit in klapbrêge oer de Trigreppel.
Lange Miente - earder Greidwei. Rint fan de Grytmanswei nei de Kanadeeskestrjitte, sawat lyk mei de Koarte Miente. In jier nei de Twadde Wrâldoarloch waarden hjir de earste huzeblokken setten, nei donaasjes fan de eigen Akkrumers. Dêrom krigen dy huzeblokken ek de nammen “Burgerzin” en “Eendracht” en waard de strjitte sels “De Greidwei” neamd, omdat hjir foar dy tiid noch lân wie. De Strjitnammekommisje fûn de namme net sa passend en fûn om deselde grûnen as by de “Koarte Miente” oanjûn is, de “Lange Miente” in bettere namme.
Leechein - it ferlingde fan it Heechein, dat fan de terp ôfrint.
Leppedyk - Leppedyk. De Leppedyk sil neffens Rienks en Wolters yn “Binnediken en Sliperdiken” om it jier 1000 oanlein wêze as wetterkearing tsjin it Middelseewetter. Hy rûn fan Eastersyl oant Easterboarn. Nei it tichtslykjen fan de Middelsee soarge de dyk foar befeiliging tsjin it opkommende wetter út de Sânwâlden en waard doe dus mear in Binnendyk. Hy sil syn namme krigen ha fan De Leppa, it âlde rjochtsdistrikt, dat letter mear tsjinne foar wettersteatkundige saken. Benammen nei 1800 wreide Akkrum ûnder oare ek út oer de Boarn hinne en waarden huzen boud tusken de Leppedyk en de Boarn. Dat kompleks huzen stie by de befolking bekend as “De Leppedyk” en foarme eigentlik in aparte wyk yn Akkrum. De sanearing en de nijbou sûnt de jierren njoggentich ha dêr feroaring yn brocht en de mienskiplike namme foar alles dat oer de Boarn wenne, wurdt net mear brûkt. Wol waard yn de folboude wyk de Himmende namme Leppedyk bewarre yn it strjitte dy't oanlein is op de ein fan de âlde Leppedyk (1970) dat destiids “Pool syn dykje” neamd waard, nei de komelker dy't dat stik as healân en weidzjen hierde.
Lytshûs - in 'strjitte' binnen Leppehiem. In lytshûs is in bygebou fan in pleats.
Ljouwerterdyk - de âlde strjitwei fan Akkrum nei Aldskou en fierder troch nei Ljouwert. De Ljouwerterdyk kaam yn 1829 ree. De dyk waard foar it meastepart oanlein oer de âlde Slachte: Allinnich by Meskenwier snijt dizze de bochten fan de Slachte ôf en giet rjochtút tusken de pleatsen troch. Yn 1955 krige dit stik dyk de namme Ljouwerterdyk.
De Loads - op it eardere UTD-terrein. Hjiroan stiet it UTD Monumint, makke fan twa âlde mûnestiennen, dy 't foar it ljocht kamen by de sloop fan it fabryk. It monumint hat twa plaatsjes mei tekst en útlis.
Meineslealtwei - De Meinesleatwei is in nije strjitnamme, dy't ûntstie doe't de caravankemping oan de Meinesleat opkocht waard en feroare yn in kemping mei lúkse húskes.
Melkerspaad - paad yn Akkrum-east dat eartiids nei de pleats It Hiemstee rûn.
Meskenwier - ferheging yn it lânskip by de dyk nei Terherne. De buorskip bestiet út trije boerepleatsen oan de Ryksstrjitwei nei Ljouwert, dêr't de dyk nei Terherne ôfbûget. Op de brede terp, dêr't de pleatsen op steane, stie eartiids in grutte sterkke stins, dy't yn 1481 troch de Ljouwerters platsmiten is; Nei alle gedachten binne doe yn de 16e iuw de pleatsen op de terp boud. Yn de 19e iuw is de terp om de pleatsen ôfgroeven. it is mooglik dat Metsingawier (skoch de âldste boarne út 1459) is ferhispele ta “Meskenwier”, krekt sa't de buorskip sûnt minske heugenis bekend bleaun is. Yn de 'Encyclopedie van Friesland' wurdt ferwiisd nei de Mersken, lege healannen om de Boarn hinne yn Opsterlân, mar de namme Mersken wie en is yn de omkriten fan Akkrum net gongber.
Mienewei - earder ek wol Eksportreed De wei nei de F.C.E. fan de Boarnsterdyk ôf is in nije strjitte wurden. Mienewei ferwiist nei it boereferline: it mienskiplike fan de koöperaasje. Om 1995 waard de Mienewei trochlutsen oant de nije wenwyk Boarnstee. De Mienewei rint dan troch oant de fêste brêge. Oer dy brêge wurdt it de Opstekker.
Mûnedyk - earder ek wol Eerder ook wel ‘Fabryksstege’ neamd. Fan âlds rûn hjir neist de Polsleat, dat oant 1893 noch in wynmûne hie dy't fan tiid ta tiid wolris brûkt waard. De minsken yn it doarp hiene it dan ek meast oer de Molereed. Yn 1887 kocht Twijnstra it fabryk oer: yn 1893 baarnde de hiele saak mei mole en al ôf en dêrnei waaard it Twijnstra’s reed. (en fabryksreed). Yn 1955 waard der Mounedyk fan makke. It is no in strjitte mei huzen oan de iene kant en de Pollesleat oan de oare kant.
Neskerdyk - rûn fan Nes nei grou. Y 1930 waard it Prinses Margrytkanaal iepene en koene de Nessers net maklik mear yn Grou komme. Der hat noch in tal jierren in pontsje fard, mar dat waard te djoer.
Nije Boarnsterdyk - Neidat de "âlde” Boarnsterdyk by it eardere gasfabryk ôfsletten waard is de dyk omlein oer de Stringen om linksôf nei Aldenboarn te gean. Omdat de Boarnsterdyk der al wie waard dit ‘De Nije Boarnsterdyk’.
It Núnderpaad - Oan it Heechein stiene eartiids oan beide kanten linebeammen. Tusken de iene rige en it tsjerkhôf lei in paad, befluorre mei giele stientsjes en dat foar de bern in moai boartersplak wie. Hjir waard alle jierren troch har de “lytse merke” holden. Yn it ferline wie it eigendom fan de tsjerke, dy 't ek foar it ûnderhâld soarge. It wie in skulpepaad, ofwol in ‘núnderpad’: yn it tsjerkeboek komt elk jier in útjefte foar in fracht skulpen foar. Letter is it bliuwend mei giele stientsjes befluorre. De namme Núnderpaad is letter ferdwûn.
Nije Skou - Yn 1723 waard troch de famyljes Claerbergen en Andringa in wei oanlein fan De Jouwer nei Akkrum en moast der in oerset komme oer It Deel. Dat barde earst mei in skou, letter mei in pont, dy't betsjinne waard troch de 'Skouboer' fan de pleats oan it Deel. Doe't dy der syn nocht fan hie en it ferfier oer de pont minder waard, besochten de gemeenten Utingeradiel en Haskerlân de pont út te besteegjen oan in hierder, mar nei dy syn ferstjerren waard de pont opdoekt. De namme Nije Skou sil nei 1723 ûntstien wêze troch analogy mei it besteande Aldskou.
De Nije Seame - mei de komst fan nijbouwyk Boarnstee kaam der ek in Boarnstee-súd. De 'âlde' Stripe waard ferlinge oant de Boarn. De seame leit tusken de nije Stripe en de nije Mienewei. Tusken Boarnstee en Boarnstee-súd leit de Boarn. Boarnstee is Nes en Boarnstee-súd is Akkrum.
Om 'e Toer - fan de tsjerketoer nei de Trigreppel; de eardere huzen út de 17de en 18de iuw binne ôfbrutsen om romte te meitsjen foar nijbou.
Ombocht - yn de bulgalowwyk oan de Feansterdyk, besuden de Grytmanswei. Neamd nei de earste bocht yn de Feansterdyk, by de Akkrumers bekend as de ‘Krom-om-bocht‘ dat feroare waard yn 'De Ombocht'.
De Opfeart - Mei de bou fan nijbouplan Boarnstee, op Nes (noard) yn 1994, oan de noardkant fan de Boarn, is der ek in Boarnstee súd yn Akkrum, dat oan de súdkant fan de Boarn leit. Dêrom falt dat ûnder Akkrum. Op dit plak binne in pear nije strjitten komd. Hjir stie earder de Fryske Koöperative Eksportslachterij (F.C.E). Dêrút binne ek de nammen foar de strjitten betocht troch de nammejouwingskommisje. Omdat op dit plak in syd/opfeart west hat waard de namme Opfeart keazen.
De Parse - yndustrynamme op it eardere UTD-terrein.
It Patroan - It Partoant(sje) is it lêste stik fan de Polsleat, dêr't dy by it Spikerboor yn de Djipsleat útkomt. De namme fan it stik lân is hjir oergien op de namme fan it oangrinzjende wetter. Neffens it Benefisiaalboek hie de Patroan fan de tsjerke hjir lân yn eigendom, dat yn 1850 oergien is nei de Griff. tsjerke mei pleatsnûmer 11, “genaamd De Patroon”. It lân lei yn de polder, mar foar in stikje ek bûtendyks oan de Polsleat en it Spikerboor. De namme fan dat lân is letter oergien op it lêste stik fan de Polsleat “De Patroan” of lykas de Akkrumers sizze It Patroantsje.
Polsleat - wei lâns it wetter de Polsleatwei. Fan de UT wei (west) nei it suden, bylâns de Polsleat. It dykje waard oanlein doe't feehâlder F.A. de Jong fan de Rakswâl efter yn syn lân in nije pleats sette liet.
Rakswâl - neamd nei it Akkrumer Rak, dat op de kaart fan Schotanus stiet en yn de Trigreppel útrûn. De pleats dy't dêr sûnt 1852 stie of stien hat krige fierderop in plak. Op it âlde hiem binne letter senioarenwenten komd oan de strjite dy't de namme Rakswâl krige. Wer letter, yn 2019, binne dy wer ôfbrutsen om romte te meitsjen foar twa gebouwen (4 en 5 heech) mei keap- en hierapparteminten.
Rogmûnepaad - Yn 1854 waard oan de Leppedyk in “Wind-Rog- en Korenmolen” boud. Der stiene doe al in pear huzen, mar letter wiene, om de mûne hinne, folle mear boud, sadat dy hielendal tusken de bebouwing yn kaam te stean. Boppedat wied er ûnregelmjittich boud en rûnen de steechjes skots en skean tusken de huzen troch. Ien fan dy steechjes r6un fan de Leppedyk nei de Boarn en is nei it ôfbrekken fan de âlde húskes en de bou fan nije huzen nog de ienichste stege dy't oerbleaun is. De eardere mûne stie ticht by dit steechje.
Rûnwei of Rânewei - De Rânewei hat lang op him wachtsje litten, mar de brêge oer de Polsleat en oan de Ulbe Twijnstrawei hat noch langer wachtsje moatten. Yn de jierren fyftich fan de weintichste iuw wie al sprake fan in brêge oer de Polsleat, mar it jild wie der ienfâldich net by gemeente Utingeradiel, enek de lettere gemeente Boarnsterhim hat ferstek gean litten. Uteinlijk is troch de gemeente It hearrenfean der in rûnwei komd om it sintrum fan Akkrum te ûntlêsten fan swier ferkear.
Sake Visserstrjitte - Sake Visscher wie in bekende feehâlder en priiswinner mei dravers yn de earste helte fan de 19e iuw.
De Seame - Yn Akkrum-East, njonken it eardere fuotbalfjild oan de seame fan de nijbou.
Sybren Pieters Hoytemastrjitte - in tal oanleunwennings fan Leppehiem op de Himmen, neamd nei in bekende fabrykseigener yn de earste helte fan de 19e iuw.
De Silo - op it earder U.T.D. terrein. It feefoerfabryk gie ticht yn 2002 en is dêrnei ôfbrutsen. De strjitnammen op dit terrein ha te krijen mei de yndustriële kanten fan it U.T.D. feefoerfabryk. De Silo grinzet oan de folkstúntsjes oan de Feansterdyk.
Sinnebuorren - Boud doe't der nei de Twadde Wrâldoarloch in grut ferlet fan wennings wie. De earste strjitte dy't doe klear kaam yn de Trigreppelpolder krige de namme “Zonnebuurt”. dat waard troch de Akkrumers al gau feroare yn Sinnebuorren. Neidat de Ried der earst in twatalige namme fan makke hie, besleat de gemeenteried yn 1955 om alle strjitten ientalich Frysk te meitsjen en koe Sinnebuorren syn Fryske namme hâlde.
Sitadel - De namme Sitadel is Untliend oan buorkerij nr. 8 fan de Floreenkohier, dy't eartiids yn it lân stie, sawat op it plak dêr't no it treinstasjon is Op de Eekhofkaart fan 1849 stiet de pleats en tabehear noch oanjûn, mar mei de oanlis fan it spoar (1868) is alles opromme, De pleats hie gjin namme, mar yn de folksmûle waard - ek letter noch – it plak oantsjutten as “De Sitadel”, foar de huzen dy't yn 1905 lâns de spoarput boud binne. Oarspronklik wiene der twa blokjes fan acht arbeiderswenningen en sa ûntstie de namme Sechstjenhuzen. Letter kamen der mear huzen by.
De Slachterij - hjir stie eartiids in grutte eksportslachterij.
Smellebrêge - It stikje fan de Smelle brêge nei de Leppedyk, dat eins in ferlingstik is fan de Wide Stege, hie eartiids gjin namme, mar hearde by it kompleks dat oantsjutten wurdt as “De Leppedyk” . De namme Smelle Brêge waard yn 1955 betocht omdat dy tagong jout ta dy strjitte.
Smidsstege - earder ek Filiaalstege. De Smidsstege, om 1905 better bekend as de Filiaalsteech. Njonken de herberch “Het wapen van Zevenwouden”, (letter Sparwinkel 1982) rint in smel steechje dat offisjeel gjin namme hie. Yn it hoekhûs oan de Buorren wenne om 1800 in smid, dy't ûnder oare foar it hûs in needstâl hie, lykas op de tekening fan sa. 1790 te sjen is. Yn 1861 keapet Geert Stevens Ruiter, de man fan it lettere reedfabryk, it hûs dat yn 1905 oan it molkfabryk ferkocht waard, dy't dêr in filiaal yn fêstige fan suvelprodukten. Sûnt 1955 waard it de ”Smidsstege”.
It Stalt - in stalt is in bjinstap oan it wetter. Ek wol de wâlbekoaiïng sels.
De Stringen - tusken de Boarnsterdyk en de Nije Boarnsterdyk. Oan de dyk stiet de brede skoalle.
De Stripe - in stripe is in smelle strook lân.
Suster van de Vegtstrjitte - De âld-Akkrumse Suster Van der Vecht wie de stiftster fan “Welgelegen”.
Sythuzen - Sythuzen is in buorskip dat tusken de dyk nei It hearrenfean en de Spoarwei leit. De trije boeren binne hielendal op Akkrum oanwiisd en de bern geane yn Akkrum nei skoalle. Sûnt it begjin waard de namme yn ferbân brocht mei de lizzing tusken (besiden) it spoar en de Rykswei, mar dat koe net, omdat de namme al earder bestie as de diken. Yn de Fr. plaknammen 1 (1949) neamt Kalma “de siden” yn de betsjutting fan “leech lân” en Bakker tinkt dat de namme Sythúzen dêrmei yn ferbân stiet. It Sythústerfjild dat yn de Benefisjaalboeken neamd wurdt, en by pleatsen heart, leit tige leech en stie earder noch faak ûnder wetter.
Tranendal - Doe't yn 1916 de earste huzen op it lân fan It Hiemstee yn Akkrum-East boud waarden wie de grûn al in pear jier brûkt foar folkstúntsjes. Doe't it waar tsjinwurke kamen de earste huzen yn it wetter te stean. By de bou fan tolve wennings barde dat nochris. Omdat de hier ek te heech fûn waard, betocht de befolking de namme “Tranendal”. De gemeenteried makke der yn 1925 “Tuindorp” fan, mar yn 1955 krige it de namme “De Túntsjes”, mei it each op de eardere folkstúntsjes.
Trigreppel - Waard yn 1900 troch de bewenners de Willemskade genoemd. De eigener Willem Johannes Koopmans ferkocht syn lân yn lytse persieltsjes foar wenningbou. Yn 1955 krige it offisjeel de namme Trigreppel.
Tsjerkebreed - Yn de jierren fyftich fan de tweintchste iuw kaam der in trochbrek tusken de Kanadeeskestrjitte en de Feansterdyk, om it drokke ferkear oer de Kleef yn goede banen te lieden. It waard in brede dyk, foar de grifformearde tsjerke lâns.
Túndoarp - sjoch ek: Tranendal
De Túntsjes - sjoch ek: Tranendal
Tuskenbrêgen - Tusken de Boarn en de Leppedyk stiene lofts fan de brêge in stik as tweintich huzen. In strjitte rûn hjir eins net, mar sûnt de measte huzen ôfbrutsen waarden en der nije huzen foar yn it plak kamen, waard de strjitte “Tuskenbregen” oanlein omdat de grûn tusken de Smelle brêge en de Boerebrêge fan de Welgelegenpleats yn lei. De Boerebrêge is yn 1979 opromme.
Ulbe Twynstrawei - De UT-wei rint nei it eardere feefoerfabryk fan Ulbe Twijnstra.
Van Sminiawei -Foarhinne waard dizze dyk brûkt as ferbining mei it lân nei it suden en hie namme as postwei, ek al wie de wei yn de hjerst en winter min te beriden. Yn de Heerenveense Koerier (1952) skriuwt Van der Molen: Om 1540 kaam de wei as Gravinnewei en as “algemiene rydwei foar: “Eenen ouden wech welcken oock zeer crom liep en de hadden de luyden somptijds gereden op de naestiggende landen”. Yn 1937 kaam der ferbettering: De wei waard befluorre en de slimste bochten waarden ôfsnien, sadat it ferkear fan de Boarnsterdyk nei it suden, ek foar de boeren fan Krom Haskerdiken, folle better wurden. Yn 1979 is de dyk op 'en nij flink ûnder hannen nomd. De namme Sminiawei komt fan jonkhear Paul fan Sminia, yn 1937 boargemaster fan de gemeente Utingeradiel.
It Vegelinskampke - Vegelins Kampke is oan de westkant fan de Feansterdyk en slút oan op de Parse. De brânwarkazerne stiet hjir.
It Weidlân - ien fan de strjitten yn it Himmenplan oan de noardkant fan de Boarn. “It Weidlân” ferwiist krektas bygelyks “It Finlân”, “Himdyk”, “Leppedyk” nei it brûken fan de grûn as greide. De huzen oan de dyk binne boud tusken 1975 en 1978.
Wide Stege - Fan It Heechein nei de Smelle brêge rint de Wide Stege, dy't wat breder wie as de measte stegen yn Akkrum. It paad nei de huzen oan de Leppedyk rûn hjir lân. Doe't yn de 19e iuw de rogmole oan de Leppedyk stie en in oaljefabryk ferriisde en huzen setten waarden, wie it yn de Wide stege in drokte fan komsa, ek omdat de pakhuzen en eksportslachterijen dêr stiene. De minsken betochten dêrom in bekende namme “De Kalverstrjitte” (taalkundig fansels in misbaksel). Oan beide kanten hiene de winkellju harren klandyzje. De winkels en de huzen binne opromme by it ferbreedzjen fan de stege foar it autoferkear nei de nijbou op de Himmen en it fersoargingstehûs “Leppehiem”.
Willem Jehannes Koopmansstrjitte - Willem Johannes Koopmans, slachter, foardrager en doarpsdichter (1869-1953). Earder hat der yn de folksmûle in Willemskade west, dy't letter de Trigreppel neamd waard.
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.