From Wikipedia, the free encyclopedia
De Stichting Alde Fryske Tsjerken, fêstige oan 'e Emmakade yn Ljouwert, is in organisaasje dy't bedrige tsjerken, tuorren en klokkestuollen oernimt, se restaurearret en der in nije bestimming foar siket.
De stichting is der komd op inisjatyf fan de provinsjale Tsjerkfâdij-Kommisje fan de Herfoarme Tsjerke yn Fryslân en nei Grinslanner foarbyld oprjochte yn 1970. Se wurdt holpen troch in soad frijwilligers en donateurs. De Stichting organisearret ekskurzjes en jout publikaasjes út yn in ringbân. Se hat in oerwurk- en in oargelkommisje dy't advisearje. Der is in deistich bestjoer, in algemien bestjoer en in ried fan advys.
Troch de ûnttsjerkliking en it gearfoegjen fan herfoarme en grifformearde tsjerkegemeenten wurdt in grut oantal tsjerkegebouwen oerstallich. De stifting nimt allinnich tsjerkegebouwen oer dy't ryksmonumint binne. De stifting hat sa'n fyftich tsjerken yn Fryslân en twa klokkestuollen (Goaiïngaryp en Nijeholtwâlde) yn behear (sitewaasje 2024).
Plak | Tsjerke | Ofbyld |
---|---|---|
Allingawier | ||
Bears | ||
Blessum | ||
Boarnwert | Marijetsjerke | |
Boer | ||
Boksum | ||
Britsum | ||
Britswert | ||
Eastrum | Sint-Nikolaastsjerke | |
Feinsum | Sint-Fitustsjerke | |
Foudgum | Marijetsjerke | |
Ginnum | ||
Hantumhuzen | ||
Hegebeintum | Tsjerke fan Hegebeintum | |
Hijum | ||
Jorwert | Tsjerke fan Jorwert | |
Jouswier | ||
Ketlik | ||
Koartsweagen | ||
Lichtaard | ||
Lytsewâld | ||
Nijeholtwâlde | ||
Olterterp | Sint-Hippolytustsjerke | |
Peins | Sint-Gertrudistsjerke | |
Raard | Jehannes de Dopertsjerke | |
Sibrandahûs | ||
Sint Jabik | Groate Kerk | |
Skalsum | Nikolaastsjerke | |
Skuorregea | ||
Swichum | Nikolaastsjerke | |
Ter Idzard | ||
Terbant | Rotondetsjerke | |
Twellingea | ||
Westhim | Bartolomeüstsjerke | |
Westernijtsjerk | ||
Wetsens | Sint-Fitustsjerke_(Wetsens) | |
Wier | ||
Sweins | Reginatsjerke |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.