Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Britswert is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, east fan Wommels by de Frjentsjerter Feart. It doarp hat likernôch 100 ynwenners (2021).
| |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2021) | 105 [1] | ||||
Webstee | Doarpshûs Us Honk |
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Britswert diel út fan de gemeente Baarderadiel. Neidat it yn 1984 oergien wie nei de nije gemeente Littenseradiel kaam it yn 2018 by de gemeente Súdwest-Fryslân.
De eardere skoalle wurdt nei ferbouwingen sûnt 1982 as doarpshûs ( Us Honk ) brûkt. De feriening fan Doarpsbelangen Britswert/Wiuwert hat in wynmole "De Twa doarpen" oankocht. De opbringst is foar de mienskip.[2]
De romanogoatyske Sint-Joaristsjerke is boud mei Fryske moppen stiet op de terp fan it doarp. Trochdat de terp ôfgroeven is fersakke it koer. Yn 1514 hat de tsjerke yn 'e brân stien. Geert van Wou jr. makke de tsjerkeklok út 1534 en oan de súdkant sit in lytse poarte, mei in túfstik dat de troch de famylje Van Aylva betelle 18e-iuwske restauraasje betinkt. Yn de tsjerke leit in grêfstien fan de famylje Aggema. Simmerdeis is yn it gebou wurk fan Fryske keunstners te sjen.
Súdlik fan it doarp stie in lytse Amerikaanske wynmotor, dy't nei brekfalligens lang om let yn 2013 ôfbrutsen waard.
De gouden brêge komt fan brits, dat brêge betsjut, -wert komt fan wird of terp. Oant 1855 lei it doarp oan in mar, in oerbliuwsel fan in útrinner fan de Middelsee en wie skipsbou fan belang. Dy wurdt troch it anker werjûn. De leelje symbolisearret de spesifike planten yn de eardere Britswerter Mar. It klaverblêd is in symboal foar de lânbou.
Buorren, Froonackerdyk, Jeth, Kleasterdyk, Kromwâl, Swarte Mole, Terp.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.