Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Stasjon Súdbroek (Zb) iepene op 1 maaie 1868, is in stasjon yn it Nederlânske doarp Súdbroek yn de provinsje Grinslân. Oan de Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns).
Stasjon Súdbroek station Zuidbroek | ||
Stasjon Súdbroek yn 2017 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Midden-Grinslân | |
plak | Súdbroek | |
adres | Stationsweg 70 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Zb | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 maaie 1868 | |
boujier | 1865 | |
arsjitekt | Karel Hendrik van Brederode | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Steatsline B Grins - Feandam Súdbroek - Delfsyl | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
It stasjonsgebou fan Súdbroek is ien fan de standertstasjons fan de Steatsspoarwegen, boud yn de sechstiger jierren fan de 19e iuw. in stasjon fan it type Hoogezand, en is ien fan de tsien stasjons dy't yn dizze klasse boud is, en iennichste fan dit type dy't bewarre bleaun is.
Yn tsjinstelling ta it stasjon fan Meppel is it stasjon fan Súdbroek letter yngreven ferboud. Yn 1912 waard der in útbou oan de spoarweikant set, sadat it spoarweipersoniel frij sicht by it spoar lâns hie. Ek waard in binnenmuorre út de romte foar de kaartferkeap fuorthelle..
Yn 1959 waard in grut part fan it gebou ôfbrutsen. De restanten waarden ferboud ta in selsstannich gebou. De boppeferdjipping ferdwûn en de fleugels waarden mei de helte ynkoarte.
Yn 2002 gie in yngreven restauraasje fan start dy't tsien jier duorje soe, it stasjonsgebou waard folslein yn âlde steat wersteld. It stasjon is sûnt de restauraasje it gebou fan it Noardnederlânsk Trein & Tram Museum.
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
RS 6 20100 |
Stoptrein (Arriva) | Grins – Súdbroek – Wynskoat – Bad Nijeskâns – Weener – Lier | Ferbining wurd sûnt 2015 rieden troch in trein ferfangende bus om't de Friezebrêge stikken is. |
RS 6 37500 |
Stoptrein (Arriva) | Grins – Súdbroek – Wynskoat – Bad Nijeskâns | Yn 'e moarnsspits begjint ien rit yn Bad Nijeskâns. |
RS 7 37900 |
Stoptrein (Arriva) | Grins – Súdbroek – Feandam |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.