Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Friezebrêge (Dútsk: Friesenbrücke) is in spoarbrêge by Weener oer de Iems. De brêge leit yn de spoarferbining tusken Nijeskâns en Lier (stêd), en dêrmei yn de ferbining tusken Grins en Hamboarch.
De oarspronklike Friezebrêge wie in oerspanning fan 335 m. mei dêryn in draaibrêge, boud yn 1876. Fan 1924 oant 1926 waard in nije brêge boud, mei in rolflapbrêge. Nei't dy op 'e ein fan de Twadde Wrâldkriich te neate dien wie, waard yn 1950-1951 dan wer in nije brêge boud, mei wer in rolflapbrêge om't it de werbou fan it âlde model wie. Op 3 desimber 2015 waard dy brêge oanfearn dêr't dy net mear troch brûkt wurde kin. Yn de winter fan 2021 waard lang om let in begjin makke mei de bou fan 'e nije Friezebrêge; dy soe nei ferwachting (yn 2023) yn 'e simmer fan 2024 klear wêze. Letter waard bekend makke dat ein 2024 net helle wurde sil en dat er klear is earne yn 2025.
Der is in multymediale ynformaasjebio op it bouplak oer de Friesenbrücke en Wunderlinie en der wurde rûnliedingen oanbean.
De brêge is de ferbining oer de Iems foar it spoar fan Grins nei Lier. Yn 1876 is de brêge boud by it oanlizzen fan it trasee tusken Ihrhove en Nijeskâns. It hat altyd in inkeldspoarferbining west, sûnder stroom. De brêge wie in part fan de koartste spoarferbining tusken Fryslân en East-Fryslân. Oant yn de sântiger jierren fan de 20e iuw wie de brêge in part fan de koartste ferbining tusken Hollân en Hamboarch, wat in protte spoarferkear joech. Sûnt dy tiid is it in regionale ferbining, fral brûkt troch Arriva. Foar de ferbining wurde op it stuit bussen fan Wynskoat en Lier brûkt en flugge bussen tusken Grins en Lier.
De brêge is 4m heech, wat genôch is foar moterboatsjes en frachtskippen mei fracht. Foar oare gefallen moast de brêge iepene wurde, op tiden dat gjin treinferkear ferwachte waard. By elkoar passeare sa sa'n tsientûzen skippen it ier de iepen of sletten brêge. De Meyerwerf yn Papenburch hat lykwols hieltiid gruttere skippen boud, dy net mear troch de iepening fan de flapbrêge kinne. Der is lykwols spesjaal in oerspanning fan de fêste brêge mei skroeven fêstsetten yn stee fan mei nagels, dat dat segmint fuorthelle wurde kin. Sa is de brêge noch persys pas foar de boude skippen sa't dy yn Papenburch boud wurde.
Op 3 desimber 2015 kaam de kustfarder Emsmoon op 'e reis fan Papenburch ôf nei de brêge. De brêge wie ticht, en it skip lei sa heech yn it wetter dat de boech boppe it spoardek útkaam. Dochs fear it skip troch de brêge oant de flap kapot wie en gâns de brêge in pear meter opskood wie.
De brêge hie ek in fuotpaad. Dêrmei koenen de ynwenners fan east fan de Iems, de gemeente Westoverledingen, oerstekke nei Weener. It paad waard ek brûkt troch fytsers, út de omkriten en op lange-ôfstânrûtes beide, Der stie de lêste jierren al in boardsje dat de brêge ferbean wie foar fytsers, mar mei in kuier fan 350 meter wie de fyts al mei te nimmen. Lange-ôfstânrûtes kinne fansels ferlein wurde nei in brêge by Papenboarch, mar de lokale ferbining is ferdwûn.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.