Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ihrhove (Eastfrysk Plat: Jirhôov)[1] is it haadplak fan de gemeente Westoverledingen yn East-Fryslân. It doarp leit oan de B70 en leit tusken Lier en Steenfelde.
Ihrhove | ||
Grifformearde tsjerke fan Großwolde | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Westoverledingen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3626 (31 desimber 2020) | |
Oerflak | 10,02 km² | |
Befolkingsticht. | 362 /km² | |
Hichte | 3 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 28610 |
Ihrhove leit yn it Oerledingerlân, ien fan de histoaryske Fryske goaen yn de lânkring Lier. It doarp leit op in geastrêch, 4 km eastlik fan de Iems. De terp dêr't de tsjerke op stiet hat in hichte fan 5,5 meter boppe seenivo, wylst parten fan de himrik, it rivierklaaigebiet njonken de Iems, ûnder de seespegel leit. Tusken it rivierklaaigbiet en de geastrêch is der noch in klaai-op-feangebiet dy't by Driever en Grotegaste oergeit nei in leechfeangebiet.
Ihrhove leit sintraal yn de gemeente Westoverledingen en syn himrik grinzget oan dy fan Folmhusen yn it noarden, oan dy fan Ihren yn it súdeasten, oan dy fan Großwolde yn it suden, en oan dy fan Grotegaste yn it westen.
Ihrhove moat om-ende-by 1250 stifte wêze. Spoaren fan bewenning út eardere tiden binne net fûn. Ihrhove waard út Ihren wei stifte. De hjoeddeistige grifformearde tsjerke waard yn it midden fan de trettjinde iuw as in sealtsjerke mei in apsis boud. Der wurdt wol tocht dat der in foargonger fan hout stien hat dy't bytiden mei de Fryske sindeling Liudger yn ferbân brocht wurdt, dochs is net wis en sil nei alle gedachten net wier wêze. Foar de reformaasje hearde it karspel ta de proasdij Lier yn it Bisdom Múnster.
De midsiuwske boarch fan Ihrhove, sûnt 1735 de Eskeborg neamd, waard yn it ramt fan it oermasterjen fan it Oerledingerlân (1407-1409) troch Keno II tom Brok en Fokko Ukena, ferneatige. Wêr't de boarch krekt stean hat, kaam it measte fan mûnlinge oerleverings ôf. Argeologysk en natoerwittenskiplik ûndersyk (2006-2011) hat oanwiisd dat de boarch op it terrein op Bahnhofstraße 42 stien hat. Foar 1400 wie de boarch it sit fan wol acht pleatslike haadlingen fan it Oerledingerlân. Jeltko Iderhoff, fan 1515 oant 1530 drost fan it Amt Berum, wie mooglik in haadling fan Ihrhove.
Nei de reformaasje sleat de tsjerkemienskip him by it grifformearde protestantisme oan. Nei it útstjerren fan de manlike laach fan it Hûs Sirksena, kaam Eastfryslân oan Prusen. Yn 1806 waard Ihrhove part fan it Keninkryk Hollân en yn 1810 oan it Earste Frânske Keizerryk as part fan it Departemint Westeriems. Yn 1815 kaam it by it Keninkryk Hannover en yn 1866 fannijs by Prusen. Doe't it spoar fan Emden nei Rheine (1854-1856) oanlein waard, krige Ihrhove in spoarstasjon, dy't yn 1876 sels in spoarkrusing waard doe't it spoar fan Harns nei Lier oanlein waard. Dat soarge foar in bloeitiid yn Ihrhove en it rap waaksen fan de befolking.
Sûnt 1885 heart Ihrhove by de lânkring Lier. By it foarmjen fan de gemeente Westoverledingen op 1 jannewaris 1973 waard Ihrhove, dy't oant doe in selsstannige gemeente wie, it haadplak fan de nije gemeente. Yn 1976 waard it nije gemeentehûs iepene.
Letmidsiuwske foarmen fan de namme wiene Iderhave, Yderahave, Yderhove, Yrhave en Yrhove. It doarp en de boarch waarden yn 1407 foar it earst neamd. It efterheaksel -hove waard yn it ferline gauris mei "haven" yn ferbân brocht, nei alle gedachten troch de neie lizzing fan it plak by de Iems. Dochs betsjut dy útgong "tsjerkhôf". It foarheaksel Ihr ferwiist nei it buordoarp Ihren, en dus de namme Ihrhove betsjut dus "tsjerkhôf fan Ihren", of better omskreaun: "buorskip fan Ihren mei tsjerke"
Untwikkeling fan it tal ynwenners fan 1823 ôf:
|
|
|
Elts jier, it fjirde wykein yn juny, fynt yn Ihrhove de saneamde Bottermarkt (bûtermerke) plak, dy't yn 1979 úteinset waard. Dy hat syn oarsprong fan de Ihrhover bûtermerke fan de njoggentjinde iuw. Njonken bûter wurde der ek oare molkeprodukten ferkocht.
It besjen wurdich binne de restaurearre Eastfryske pleatsen, dy't stien foar stien fan harren oarspronklike plak ferpleatst waard njonken it rekreaasjegebiet Freizeitpark am Emsdeich by Grotegaste. Troch hiel East-Fryslân hine is ferneamd diskoteek Limit yn Ihrhove.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.