From Wikipedia, the free encyclopedia
Slidehockey is in foarm fan iishockey, mar dan op in prikslide. Dizze sport waard ûntwikkele sadat minsken dy't lichaamlik beheind binne dochs iishockey spylje kinne. De widze fan it slidehockey stie yn 'e Sweedske haadstêd Stokholm, dêr't it yn 'e 1950-er jierren betocht waard. De klean en it grutste part fan de regels fan it spul komme oerien mei dy fan iishockey. Slidehockey is op 't heden ien fan 'e populêrste sporten fan 'e Paralympyske Spullen.
Slidehockey is yn 1960 yn Sweden ûntstien trochdat twa iishockeyers dy't, ek al wienen se lichamelik beheind, doch iishockey spyljen bliuwe woenen. Al wie der it begjin net in soad belangstelling foar, waard der al yn 1969 in ynternasjonale kompetysje opstarten. Earst yn 1994 mei de Paralympics fan Lillehammer waard Slidehockey in paralympyske wintersport. Sweden waard doe de earste winner. Sy fersloegen Noarwegen yn de finale mei 1-0.
Oarsponklik waarden de iishockeyregels brûkt, en yn de rin fan de tiid binne dy oanpast oan de sporters en de sliden.
Slidehockey wurdt spile op in fjild fan likernôch 60 x 30 meter. It fjild, dat ôfrûne hoeken hat, wurdt ôfsletten troch in boerdrâne, fan 1.22 m heech. Op fjouwer meter ôfstân fan de koarte siden binne de doellinen, mei yn de midden dêrfan de goal. It spylflak tusken de doellinen is yn trije gelikense stikken ferdield troch twa 30 sm brede blauwe linen. Dêrnjonken wurdt it fjild ek noch troch in 30 sm brede reade line yn twa helten ferdield. It fak dat foarme wurdt troch in koarte side fan de boerdrâne en in blauwe line is it ferdigeningsfak fan it team dat yn dat fak oanwêzige doel ferdigenet. Foar de tsjinstanner is dit it oanfalsfak. It gebiet tusken de twa blauwe linen is it neutrale fak.
In slidehockey-team bestiet út maksimaal tolve spilers en twa doelferdigeners. Seis spilers, dy't yn de hiele wedstriid wiksele wurde meie, befine harren op it iis. Sawol ûnder de wedstriid as by ûnderbrekkings meie der spilers wiksele wurde.
By de hegere en de ynternasjonale nivo’s bestiet de arbitraazje by eltse wedstriid út ien skiedsrjochter en twa grinsrjochters, by dat trijemanssysteem binne ferantwurdlikheden dúdlik ferdield tusken de skiedsrjochter en de twa grinsrjochters.
By de junioaren en de legere nivo’s stiet eltse wedstriid ûnder lieding fan twa skiedsrjochters. Yn dat twamanssysteem ha beide skiedsrjochters deselde ferantwurdlikheid ûnder de wedstriid.
De útrissing fan de sporters bestiet út in prikslide, stokken en beskermjende klean.
De prikslide dy’t brûkt wurdt by slidehockey is hiel oars as in gewoane prikslide. By in hockeyslide steane de reden tige ticht op inoar, soms mar mei in tuskenromte fan 2,5 sm. Ek sitte der ûnder de slide iishockey-izers en gjin izers fan noren, lykas by in gewoane prikslide. Fierder is in hockey-slide rûn fan foarm en yn stee fan in sit, sit der in harnas op. Dat alles soarget derfoar dat de slide tsjin in bêste klap kin en de sporter gjin slimme ferwûnings oprint.
De stokken fan in slidehockeyer wurde fan karbon makke en binne koart fan stik. De stok hat oan de iene kant in izeren hoekje om mei bewegen foarút te kommen. Dy hoekjes meie net fierder as ien sintimeter útstekke om foar te kommen dat der in oare sporter mei ferwûne rekket of dat it iis skansearre wurdt. De oare kant fan de stok hat de foarm fan in hockeystik, om de pik mei fuort slaan te kinnen.
De klean fan in slidehockeyer besteane út:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.