From Wikipedia, the free encyclopedia
Skeelerferiening Slykrôlers (Nederlânsk en offisjeel: Skeelervereniging Slikrollers) is in sportklub út it Fryske doarp Sint-Anne, op It Bilt, dy't him taleit op skeelerjen (of inline-skaten, sa't it ek wol neamd wurdt). De feriening is op 12 maaie 2006 oprjochte en it tal leden woeks anno 2018 noch elts jier oan. De namme ferwiist nei It Bilt, dat út oanslike lân bestiet, yn kombinaasje mei it feit dat skeelers fjouwer lytse tsjiltsjes efterinoar hawwe dêr't de skeelerder op rôlet.
Skeelerferiening Slykrôlers Skeelervereniging Slikrollers | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | sport (skeelerjen) | |
fêstige yn | Sint-Anne (Fryslân) | |
oprjochte | 2006 | |
offisjele webside | ||
www.slikrollers.nl |
Neffens de presintaasje fan Skeelerferiening Slykrôlers ûnder de Akademyske Dagen fan 2018 yn Frjentsjer, wêrby't it publyk oanbean waard om ûnder begelieding in rûntsje op skeelers om 'e Martinytsjerke hinne te meitsjen, giet it om "in supergesellige klub [...] foar jong en âld." In wichtich doel fan de Slykrôlers is it oanfiterjen fan 'e skeelersport yn de gemeente De Waadhoeke. Dêrta fine der eltse wike trenings plak op 'e skeelerbaan fan de feriening yn Sint-Anne.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.