Sioux Valley Dakota Naasje

From Wikipedia, the free encyclopedia

Sioux Valley Dakota Naasje

De Sioux Valley Dakota Naasje (Ingelsk: Sioux Valley Dakota Nation; Dakota: Tokátakiya Dakhóta Oyáte; útspr.: [to'ka:takija da'kʰo:ta o'ja:te]) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaten yn it suden fan 'e provinsje Manitoba. Foarhinne stie dizze stamme bekend ûnder de namme fan Oak River Earste Naasje (Oak River First Nation); hjoed de dei wurdt soms noch wol de alternative namme Sioux Valley Earste Naasje (Sioux Valley First Nation) brûkt. ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.)

Fluch de feiten
Sioux Valley Dakota Naasje
IngelskSioux Valley Dakota Nation
lânseigenTokátakiya Dakhóta Oyáte
flagge
Thumb
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Manitoba
haadkertierGriswold (Manitoba)
etnisiteitEastlike Dakota
ledetal2.300 (2013)
oprjochting1873
statuserkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaatSioux Valley Dakota Naasje Res.
Fishing Station Reservaat 62A
lokaasjesúdlik Manitoba
oerflak42,0 km²
ynwennertal1.400 (2013)
offisjele webside
www.svdngovernance.com
kaart
Thumb
Lokaasje yn Manitoba.
Slute

Algemien

De Sioux Valley Dakota Naasje waard as offisjele stamme-organisaasje oprjochte yn 1873, en hie neffens gegegevens út 2013 likernôch 2.300 leden. It haadkertier is fêstige yn Griswold, yn Manitoba, dat westlik fan 'e stêd Brandon leit. De leden fan 'e Sioux Valley Dakota Naasje besteane út etnyske (Sioux), nammentlik Eastlike Dakota fan 'e Sisseton-, Mdewakanton-, Wahpeton- en Wahpekûte-stammen.

Reservaten

De Sioux Valley Dakota Naasje hat in eigen reservaat, te witten: it Sioux Valley Dakota Naasje Reservaat (Sioux Valley Dakota Nation Reserve), dat foarhinne bekendstie as it Oak River Reservaat (Oak River Reserve), en dat 50 km bewesten de stêd Brandon leit. It hat in oerflak fan 41,4 km² en wurdt folslein omsletten troch de plattelânsgemeente Woodworth. Mei de Birdtail Sû Earste Naasje en de Canupawakpa Dakota Naasje dielt de Sioux Valley Dakota Naasje fierders it folle lytsere Fishing Station Reservaat 62A (Fishing Station 62A Reserve). Mei-inoar hawwe de beide reservaten in oerflak fan 42 km².

Fan 'e 2.300 leden fan 'e stamme wennen der yn 2013 justjes mear as 1.400 yn it eigen reservaat. De wichtichste delsetting fan 'e Sioux Valley Dakota Naasje is sitewearre op 49°51′ noarderbreedte by 100°29′58″ westerlingte. Sioux Valley beskikt oer in eigen bestjoersgebou, in pjutteboartersplak, in beukerskoalle, in legere skoalle (de Tatiyopa Maza Wayawa Tipi-skoalle), in middelbere skoalle, in klinyk, in fersoargingstehûs (de Dakota Oyate Lodge) en in arkadehal anneks miny-kasino (sûnt 1997). Sioux Valley hearde foarhinne, mar no net mear, ta de Dakota-Odjibwe Stammeried (Dakota Ojibway Tribal Council), in gearwurkingsferbân fan Dakota- en Odjibwe-stammen yn súdlik Manitoba.

Skiednis

De Sioux Valley Dakota Naasje is ien fan acht lytse Sû-stammen yn súdlik Manitoba en Saskatchewan, dy't dêr oan 'e ein fan 'e Dakota-Oarloch fan 1862 fêstige binne troch almeast Eastlike Dakota, nei harren flecht út 'e Amerikaanske steat Minnesota wei. It Kanadeeske regear erkent dizze "earste naasjes" en hat oan harren reservaten tawiisd, mar hâldt út dat se eins Amerikaanske flechtlingen binne, dy't inkeld yn Kanada tahâlde om't de Kroan sa freonlik is om dat ta te stean. Neffens dy riddenearring kinne de Sû yn Kanada dus gjin lânrjochten jilde litte. De Sû-stammen, oan 'e oare kant, hawwe lânkaarten en offisjele dokuminten fan foàr de kolonisaasje fan súdlik Manitoba en Saskatchewan, dêr't út blike soe dat dy krite doe wol deeglik ta harren wengebiet hearde. Dit is in juridysk toulûken dat al geande is sûnt de 1870-er jierren en dêr't mei koarten grif ek gjin ein oan komme sil.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.