Shawnee Smith
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Shawnee Smith (Orangeburg (Súd Karolina), 3 july 1969) is in Amerikaansk aktrise, dûnser en sjongster fan de punk/metalband Fydolla Ho (útsprekke as Five-Dollar Whore).
Smith ferskynde foar it earst yn films yn 1982, doe wie hja te sjen as dûnseres yn Annie. Yn 1987 briek hja troch mei in rol as de swiere tsiender yn Summer School.
Smith hat har ferneamdens fral te tankjen oan it persoanaazje Amanda Young, dy't yn de films Saw, Saw II, Saw III, Saw IV en Saw V te sjen is. Earder spile sy fan 1998 oant en mei 2004 de eigensinnige, wat domme, Linda yn de telefyzjerige Becker. Smith spile fierders gastrollen yn ûnder oaren Married...with Children, Murder, She Wrote en The X-Files.
Neist aktrise is sy muzikant: sy spilet gitaar, piano en drums.
Shawnee Smith waard berne as it twadde bern fan Patricia, in onkologyferpleechkundige en Jim Smith, in finansjeel planner en eardere piloat by de US Air Force. Har âlden gienen útelkoar doe't sy twa jier wie. Har mem troude opén nij doe't Shawnee acht wie.
Smith hat twa bern: dochter Verve (1999), út har houlik mei fotograaf Jason Reposar (1998–2003) en in soan Jakson (2005), út har koarte houlik mei de muzikant Kai Mattoon (2005–2006). Verve en Jakson dienen mei yn twa nûmers op it debútalbum fan Smith & Pyle, It's OK to be Happy.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Shawnee Smith fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.