Savana Ginger

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

Savana Ginger, echte namme: Marisol Pendas (Los Angeles, 27 febrewaris 1984), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, fetysjmodel en pornografysk aktrise fan mingd Afro-Kubaansk-Spaansk-Yndiaansk etnysk komôf. Yn it begjin fan har karriêre hat hja ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Gina Ginger en Geena Ginger, wylst har úteinlike skûlnamme ek wol misstavere wurdt as Savannah Ginger.

Fluch de feiten
Remove ads
Remove ads

Libben en karriêre

Savana Ginger waard yn 1984 berne yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, as de (net ienaaiïge) twillingsuster fan pornostjer Havana Ginger. Yn neifolging fan har suster makke hja yn 2006 har debút yn in pornografyske film, doe't hja 22 jier wie.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Savana Ginger sûnt yn likernôch 16 ûnderskate films spile, û.m. foar it foaroansteande label Devil's Film, mar faker foar ûnbekendere studio's, wêrûnder Platinum X Pictures en Black Ice. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers en Porn.com. Foar de site SisterReunion.com naam se in sêne op wêryn't se tegearre mei har twillingsuster Havana en in manlike akteur spile.

Njonken har aktearwurk is Savana Ginger ek aktyf as neakenmodel, en hat se foar ferskate neakenblêden posearre, wylst se as fetysjmodel yn guon bondaazjefilms fan 'e studio FM Concepts spile hat. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 61 kg. Har boarsten, mei kupmaat 34DD, binne natuerlik en falle op troch de grutte spienhôven. Savana Ginger hat fierders ferskate tattoeaazjes, wêrûnder grutten op har lofterskouder en op har rjochterankel.

Remove ads

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads