Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Salyske Franken (of Saaljers) foarmen tegearre mei de Tubanten (wenjend yn it hjoeddeiske Münsterlân en mooglik Twinte) en de Chamaven (wenjend yn de hjoeddeiske Achterhoeke) it stamferbân fan de Franken. Harren namme libbet fierder yn de namme Sallân.
Yn de 4e iuw waarden de Saaljers troch de Romeinen as in aparte groeppearing beskogge binnenyn it Frankyske folk. Yn 358 festige sy harren mei tastemming fan Julianus Apostata yn it hjoeddeiske Belgje. Sy kamen út it noarden, fermoedlik út 'e omkriten fan de Isel, dêrfandinne de namme "Isala" (Isel). Wierskynlik komt it wurd ek fan "sala", de namme fan harren hofstêden, harren hiem.
De Salyske Franken hienen in skoftlang goede ferhâldens mei oare Frankyske stammen (û.o. mei de Ripuaryske Franken), mar dat bleau net sa. De Salyske kening Klovis dulde gjin oare Frankyske foarsten en begûn sy allegearre ien foar ien út te skeakeljen. Oan it begjin fan de 6e iuw hie hy alle Frankyske stammen ferienige en wie hy allinnichhearsker wurden. Hy waard dêrmei stifter fan it Frankyske Ryk.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.