Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Sallân (Nedersaksysk: Sallaand; Nederlânsk: Salland) is in lânstreek dy't fierhinne de westlike helte fan 'e Nederlânske provinsje Oerisel omfiemet. It uterste noardwesten, de saneamde Kop fan Oerisel, heart der lykwols net ta. Yn it easten grinzget Sallân oan 'e lânstreek Twinte. De namme "Sallân" soe ûntliend wêze oan 'e Salyske Franken, in Frankyske stamme dy't yn de trêde iuw út it gebiet ferdreaun wêze soe troch de Saksen. Dy etymology is lykwols in striidpunt.
Sallân is in krite dy't noch altyd dominearre wurdt troch de agraryske sektor, en dêr't in protte stinzen en states (havezaten) te finen binne. Hoewol't de sekuere grinzen fan it gebiet wat dreech oan te jaan binne, kin oer it algemien steld wurde dat Sallân dàt diel fan 'e provinsje Oerisel beslacht, dat net ta de Regio Twinte heart, útsein de gemeente Stienwikerlân, yn it noardwesten, mar ynklusyf de gemeente Hellendoarn en de eardere gemeenten De Ham en Holten, dy't binnen de Regio Twinte falle.
Yn 'e Midsiuwen makke Sallân ûnderdiel út fan it Oerstift, in oerseesk territoarium fan it Stift Utert, dêr't ek Twinte, Stellingwerf en Drinte ta hearden. Sallân hie doe de status fan "lânskip", en wie ferdield yn 'e drostamten Sallân en Iselmuiden, it skoutamt fan Colmschate, it heechskoutamt Hasselt, de hearlikheid Salk en de stêden Dimter, Grafhorst, Gramsbergen, Hasselt, Hardenberg, Kampen, Ommen en Swol. Yn 'e sechstjinde iuw makke Drinte him los fan it Oerstift, en kaam dat lêste gebiet úteinlik as Oerisel by de Republyk fan de Feriene Nederlannen te hearren. Sûnt de foarming fan it Keninkryk fan de Nederlannen, yn 1813, falt Sallân ûnder de provinsje Oerisel.
Sallân bestiet op hjoed-de-dei út 'e folgjende gemeenten:
|
Yn Sallân wurdt in Nedersaksysk dialekt sprutsen, it Sallânsk, dat him fan it Twintsk ûnderskiedt trochdat it in gruttere ynfloed fan it Hollânsk ûndergien hat. Oan 'e oare kant is it gâns minder ferhollânske as it Westfeluwsk. Yn it noardlike part fan Sallân, yn 'e omkriten fan Staphorst, Nieuwleusen, Dedemsvaart en Slagharen, wurdt gjin Sallânsk, mar Súddrintsk sprutsen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.