S.J. van der Molen
learaar, sjoernalist, folklorist en publisist oer Fryslân (1912-1995) From Wikipedia, the free encyclopedia
learaar, sjoernalist, folklorist en publisist oer Fryslân (1912-1995) From Wikipedia, the free encyclopedia
S.J. van der Molen (folút: Sytse Jan van der Molen; Ljouwert, 7 july 1912 - Noardburgum, 15 septimber 1995) wie learaar, sjoernalist, folklorist en publisist oer Fryslân.
Van der Molen wie yn it earstoan ûnderwizer en learaar, letter sjoernalist en redakteur by de Drachtster Krante, it Nijsblêd fan Fryslân en de Ljouwerter Krante (sûnt 1953). Sekretaris fan it Geakundich Wurkforbân fan de Fryske Akademy, redaksjelid fan Neerlands Volksleven, Berie fan it bûn Heemschut, bestjoerslid fan de Stifting De Fryske Mole, Stichting Alde Fryske Tsjerken en it Frysk Skipfeartmuseum. Skreau teksten foar de RON en RONO, Selskip Tetman de Vries, Fryske Boekefeesten, Selskip Klaes Westra, Lammert Popma en oaren (foar in part op grammofoanplaat). Yn 1968 krige er de provinsjale Joast Halbertsmapriis. Fierder wied er auteur fan in soad artikels en boeken op folkloristysk, nammekundich en histoarysk mêd.
Fan 'e 1930-er jierren publisearre Van der Molen in ymposante steapel fassistysk en rasistysk proaza. Hy hold ek nauwe kontakten mei de Dútske besettingsmacht. Fanwegen syn kollaboraasje waard er nei de oarloch feroardiele ta finzenis gelyk oan de doer fan syn foararrest, wylst de eareried him in publikaasjeferbod oant 5 maaie 1950 oplei. Neidat er dochs artikels yn It Heitelân en it Fries Landbouwblad publisearre hie, feroardiele de plysjerjochter him ta in boete fan 200 gûne of 1 moanne finzenis ûnder betingst.[1]
De Stichting Utjouwerij Hamer, dêr't ek boeken fan Van der Molen ferskynden, wie yn de oarloch 'fout'. Sels wied er yn 'e oarloch skriuwer fan de Stifting Saxo-Frisia. Dy hearde by de doetiidske Volksche Werkgemeenschap dy't foel ûnder de SS-organisaasje Ahnenerbe. De stifting kaam yn 1941 ûnder it rjochtstreeks bewâld fan Henk Feldmeijer, lieder fan de Nederlânske SS.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.