From Wikipedia, the free encyclopedia
Ropta state wie eartiids in state ûnder Mitselwier. De doe noch stins waard boud yn de 13e iuw troch Worp fan Ropta (boarne?) en is iuwenlang bewenne west troch de aadlike famylje Ropta.
Yn de Saksentiid wie Roptastate, Grut Ropta, in wichtige stins mei apart dêrfan in pleats, Lyts Ropta. Worp fan Ropta wenne doe op de State. Hy waard berne yn 1505, wie letter grytman fan Dongeradiel (1542) en âlderman fan Dokkum (1550). Syn dochter Cunera (Cnier) wie troud mei Christoffel fan Sternsee in út Dútslân kommen ealman. Sy wennen net op Ropta State, want Christoffel wie âlderman fan Harns en ek grytman fan Barradiel. Harren soan Carel wenne mei syn frou Luts fan Kamminga op it Sjaerdemaslot yn Frjentsjer. Syn namme is noch bewarre bleaun yn de âlde namme fan it Sjûkelân dêr't de PC hâlden wurdt, nammentlik it Sternse Slotland. Hy stoar yn 1615. Syn erfgenamt waard Bocke fan Humalda. As betingst stelde Carl dat Bocke de namme fan Sternsee oannimme moast. Yn 1709 is ek dy famylje útstoarn.
Yn 1731 waard Grut Ropta ôfbrutsen. De poarte bleau earstoan stean, mar waard letter yn 1769 likegoed ôfbrutsen. Dêrmei ferdwûn it lêste part fan in stins dy't ea ferneamd wie om syn sterkens.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.