From Wikipedia, the free encyclopedia
Roeselare (Westflaamsk: Roeseloare, Frânsk: Roulers) is in stêd yn 'e Belgyske provinsje West-Flaanderen. De stêd hat 65.381 ynwenners (01/01/2023) en leit sintraal yn de provinsje West-Flaanderen. De stêd hat fan âlds in hannelsstêd west en stiet ek wol bekend as de 'Rodenbachstêd'. U.o. de klokketoer en it Lyts Seminaarje binne it besjen wurdich.
Roeselare | ||
Stedhûs Roeselare | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | West-Flaanderen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 65.381 (01.01.2022)[1] | |
Oerflak | 60,4 km² | |
Befolkingsticht. | 1.082 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8800 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50° 56' N 3° 07' E | |
Offisjele webside | ||
webstee gemeente | ||
Kaart | ||
Roeselare waard al yn 847 neamd as Rollare en wie sûnt de 10e iuw in wichtich yndustry- en hannelsplak, dat yn 1250 stedsrjochten en privileezjes krige.
Om 1260 hinne waard oan de Merk in klokketoer en in halle boud. Om't de stêd gjin muorren hie wie it maklik doel foar plonderers. Dêrom waarden der al gau skuttersgilden stifte, dy't lykwols net in soad by te setten hiene as it om kriichgeweld gyng. Yn 1488 en 1492 waard de stêd troch it leger fan Maksimiliaan fan Eastenryk ferneatige. Sa goed as alle iermidsiuwske bouwurken waarden mei de grûn lyk makke. De stêd waard lykwols om 1500 hinne wer opboud, mar oars as foarhinne.
In skoft wie der frede yn Roeselare, mar op 26 augustus 1566 fûn de byldestoarm plak yn 'e stêd. Ferskate bylden út de Sint-Michielstsjerke waarden fernield. Nei it útbrekken fan de Tachtichjierrige Oarloch ferdwûn de eartiids bloeiende tekstylyndustry folslein út Roeselare en folge der in tiid fan ekonomyske delgong. Dy tsjustere tiid hie lykwols ek in ljochtpuntsje: yn Feneesje waard Adriaan Willaert út Roeselare in ferneamd komponist.
Yn 1609 waard de Tolvejierrich Bestân útroppen en Roeselare koe wer rommer sykhelje, mar net foar lang want yn 1640 wie it fannijs kriich.
Troch de Frede fan Nijmegen yn 1678 waard Roeselare diel fan Frankryk en in grinsstêd. Roeselare waard in beruchte smokkelrûte. De stêdskas wie leech, dat der wie gjin jild om it belfort en de lekkenhal te restaurearjen. Dat resultearre yn it ynstoarten fan de klokketoer op 30 oktober 1704. Mei de fal waard ek it grutste part fan de hal fernield. Mei it pún waard wer in nije, mar lytsere toer boud, dy't lykwols yn 1749 ôfbaarnde. De kelders fan it eardere belfort lizze noch ûnder it merkplein.
Alhoewol't de stêd yn syn skiednis in soad besocht waard troch geweld en fernielings, bleau de Sint-Michielstsjerke yn ridlik goede steat. De toer stoartte lykwols yn troch in fûle stoarm op 19 jannewaris 1735. De toer waard ferboud; inkele tsientallen meters koarter. De trije grutte rampen ferklearje foar in grut part dat de tsjerke trije bouststilen kent. Om 1770 hinne waard it gemeentehûs boud yn rokokostyl.
Nei de Slach by Waterloo waard Roeselare wer Nederlânsk oant de ûnôfhinklikens fan Belgje. De ûnôfhinklikens brocht lykwols ek earmoede, mar de sitewaasje ferbettere nei de oanlis fan it spoar Kortrijk-Brugge (1838) en nei de útfining fan de stoommasine. Ek it graven fan in kanaal nei de Leie tusken 1862 en 1872 droech by oan ekonomyske foarútgong. It kanaal soarge foar nije yndustry en befolkingsoanwaaks.
Under lieding fan Albrecht Rodenbach briek op 28 july 1875 in studinteopstân út tsjin it brûken fan it Frânsk yn it ûnderwiis. De skriuwer en dichter Rodenbach stifte in tal studinteferienings en waard yn Roeselare sa populêr, dat der nei him sels in krante ferneamd waard. De opstân gie yn Belgje de skiednis yn as de Groote Stooringe.
De stêd hie yn de Earste Wrâldkriich slim te lijen fan it alliearde artilleryfjoer. Op 19 oktober 1914 folgen Dútske wraakaksjes fanwegen it ferset dat oan de besetter bean wie. De Dútsers stieken 252 hûzen yn 'e brân en fermoarden likernôch 240 boargers. De besetters gyngen der fan út dat de minsken fan Roeselare op harren sketten hiene. Der hie wjerstân west, mar dy kaam fan in kompanjy fan Frânske Dragonders om it weromlûken fan harren kameraden te dekken.
De weropbou fan de stêd wie pas wer foltôge doe't de Twadde Wrâldkriich begûn. Roeselare hie yn de Twadde Wrâldoarloch net it measte lêst en waard befrijd troch de Poalen. Dêrfan tsjûgje tsjintwurdich it Poalenplein, earder de Houtmarkt, en de monuminten foar de fallen Poalske soldaten.
Roeselare stie oant yn de 20e iuw bekend om in spesifike groep bewenners, dy't de Nieuwmarkters neamd waarden. Dat wie in mienskip fan handlers dy't om de Merk hinne yn in eigen wykje wenne. Hja hiene ek in eigen taal en koene gjin Frânsk, Ingelsk of Dútsk, mar wisten wol alles mei grutte winsten oan elkenien te ferkeapjen, ek al kamen de keapers út Walloanje of út it bûtenlân. Harren lytse hûskes binne noch jimmeroan te finen om de Blekerijstrjitte en it âlde begraafplak hinne.
Sûnt it ein fan de jierren 1940 waard de fruit- en grientefeiling REO yn gebrûk nommen. Dat is noch altiten de grutste fruit- en grientefeiling fan Flaanderen.
Njonken de stêd Roeselare bestiet de gemeente ek út de dielgemeenten Beveren, Oekene en Rumbeke. Yn 1965 waard Beveren by Roeselare yndield, yn 1977 folgen ek Oekene en Rumbeke.
Troch nijbou en bedriuwen binne Beveren en Rumbeke hjoed-de-dei fêstgroeid oan de bebouwing fan Roeselare. It lytse Oekene leit oan de súdlik grins fan Rumbeke. De stêdekloft fan Roeselare rint lâns it kanaal Roeselare-Leie hast oant de stêdekloft fan de tichteby lizzende lytsere stêd Izegem.
Yn de gemeente lizze ek ferskillende buorskippen. Under Rumbeke falt it plakje Zilverberg, dat oan de dyk nei Menen (N32) leit. De buorskip Beitem leit likernôch trije kilometer súdliker oan deselde dyk.
Nû. | Plaknamme | Westflaamsk | Oerflak (km²) | Ynwennertal (2022) | Kaart |
---|---|---|---|---|---|
I | Roeselare | Roeseloare | 23,94 | 41.665 | |
II | Beveren | Bevern | 10,59 | 6.026 | |
III | Rumbeke V - Zilverberg VI - Beitem | Rumbeke Den Oap Beitem | 19,91 | 14.932 | |
IV | Oekene | Oukne | 5,35 | 1.763 |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.