From Wikipedia, the free encyclopedia
Robert fan Bruce, hear fan Liddesdale (Ingelsk: Robert Bruce; Normandysk-Frânsk: Robert de Brus; yn Skotlân, ±1300 – Dupplin Moor (Skotlân), 11 augustus 1332) wie in oerwûne soan fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce.
Robert fan Bruce | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | ±1300 | |
berteplak | ? (Skotlân) | |
stjerdatum | 11 augustus 1332 | |
stjerplak | Dupplin Moor (Skotlân) | |
dynasty | Hûs Bruce | |
etnisiteit | Normandysk Skotsk Iersk | |
hear fan Liddesdale | ||
amtsperioade | 1320 – 1332 | |
foargonger | Willem fan Soulis | |
opfolger | – (opgien yn 'e Skotske Kroan) |
Liddesdale waard omtrint 1300 berne as de oerwûne soan fan Robert de Bruce, dy't yn 1306, ûnder de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, as Robert I op 'e Skotske troan komme soe, en in ûnbekende mem. Yn 1314 waard er troch syn heit ta ridder slein op it slachfjild fan Bannockburn, wêrnei't er it keninklik wapen fan Skotlân fiere mocht. Nei't de ridder Willem fan Soulis yn 1320 troch it Skotske parlemint skuldich befûn waard oan ferrie, beliende kening Robert syn soan mei de fan Soulis yn beslach nommen hearlikheid Liddesdale.
Nei de dea fan kening Robert, yn 1329, briek yn 'e simmer fan 1332 de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch út, doe't de saneamde 'Unterfden', in groep Skotske eallju dy't al har besittings kwytrekke wiene om't se it yn 'e earste oarloch mei de Ingelsen holden hiene, Skotlân binnenfoelen, ûnder lieding fan Edwert fan Balliol en mei stipe fan 'e Ingelske kening Edwert III. Dêrby besochten Liddesdale en Duncan IV, greve fan Fife, om 'e nocht en hâld de lâning fan 'e fijân op 'e Skotske kust by Kinghorn, yn Fife, tsjin. Neitiid rekke Liddesdale deilis mei Donald II, greve fan Mar, de doetiidske beskermhear fan Skotlân, dy't it lân regearre yn it stee fan Liddesdale syn minderjierrige healbroer David II fan Skotlân.
Op 11 augustus 1332 fûn de Slach by Dupplin Moor plak, wêrby't it Skotske regearingsleger it opnaam tsjin 'e ballingen en hierlingen fan Edwert fan Balliol, en dêrby ferrassend in swiere nederlaach litte. Robert fan Bruce, hear fan Liddesdale, kaam yn dy slach om doe't er in oanfal fan it Skotske hynstefolk late. Yn deselde slach sneuvele ek Donald II fan Mar, sadat Skotlân yn dusoarder efterbleau. Liddesdale wie net troud en hie ynsafier bekend gjin bern. Der wurdt wol tocht dat Tomas fan Bruce, 1e baron fan Clackmannan, syn soan wie, mar dat is net mear as in teory, mei't der gjin bewiis foar bestiet.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.