From Wikipedia, the free encyclopedia
De beskermhearen fan Skotlân wiene reginten en de facto steatshaden dy't ûnder it Earste Keningsleaze Tiidrek (1290-1292) en it Twadde Keningsleaze Tiidrek (1296-1306) oer it keninkryk Skotlân regearren. Yn 'e rest fan 'e Skotske skiednis kaam it gauris foar dat in kening of keninginne minderjierrich op 'e troan kaam, sadat der in regint oansteld wurde moast, mar dy waarden neitiid inkeld ûnder it regear fan kening David II oantsjutten as 'beskermhearen'.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.