Reinier Vinkeles
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Reinier Vinkeles (Amsterdam, 1741 – Amsterdam, 1816) wie in 18e iuwsk keunstskilder en graveur yn Nederlân, dy't letter learaar wie fan tal bejeftige keunstners.
Vinkeles studearre sa'n tsien jier by Jan Punt en gie yn 1762 nei de Amsterdamske Stedstekenakademy.[1] Yn 1765 reizget er nei Brabân mei Jurriaen Andriessen en Izaak Schmidt. Yn 1770 ferfear er nei Parys, dêr't er in jier studearre by Jacques-Philippe Le Bas en ek by de Nederlânske keunstners Hermanus Numan en Izaak Jansz de Wit (1744-1809). Werom yn he Amsterdam makke er platen foar boekyllustraasjes, ek portretten, topografyske en arsjitektoanyske platen, kopiearre er Nederlânske masters en makke er teäterdekors.[2] Hy waard direkteur fan de Stedstekenakademy en wie lid fan de keunstnersklup Pax Artium Nutrix. Vinkeles waard ek de learaar fan Jacob Ernst Marcus, Jacobus Millies, syn soan Abraham Vinkeles, syn broer Harmanus Vinkeles (1745-1804), syn soan Johannes Vinkeles en Daniël Vrijdag.
Vinkeles syn enoarme produktiviteit - syn oeuvre wurdt rûsd op sa'n 2.500 printen - hie somtiids oerflakkigens fan gefolgen, mar syn bêste wurk (fral it iere) wurdt tige wurdearre.
Vinkeles lettere wurk foar útjeften lykas Kok's Vaderlandsch Woordenboek, it Vervolg van Wagenaar en oare soksoarte wurken, mar ek syn protte stedsgesichten en lânskippen, binne fan histoarysk belang.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Reinier Vinkeles fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.