Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De post, ek posttsjinst of de posterijen (meastal yn meartalsfoarm brûkt), is in systeem foar it fysyk ferfier fan poststikken, lykas brieven, ansichtkaarten en paketten. It wurd komt fan it Frânske poste, yn 'e sin fan in plak dêr't minsken en hynders stasjonearre wiene om soksoarte guod te ferfieren. It Frânsk hie it wurd sels ûntliend oan it Italjaanske posto, dat wer kaam fan it Latynske positum, in mulwurd dat "pleatst" betsjut.
In posttsjinst kin in privaat bedriuw of in oerheidsynstânsje wêze, hoewol't yn in protte lannen op dit mêd beheinings oplein wurde oan partikuliere posterijen. Sûnt de midden fan'e njoggentjinde iuw waarden oer it algemien posttsjinsten oprjochte dy't as oerheidsmonopoalje eksploitearre waarden, mar tsjin 'e ein fan 'e tweintichste iuw folge in privatisearringsweach.
It gebrûkmeitsjen fan 'e tsjinsten fan 'e post wurket almeast mei in foarútbetelle fergoeding foar de ferstjoering. It betellingsbewiis is dan yn 'e regel in selsklevende postsegel dy't op it poststik oanbrocht wurdt. By bulkmailing wurdt ynstee ek wol in postmeter brûkt.
De posterijen hawwe njonken it ferfier fan poststikken faak ek oare funksjes. Sa waarden histoarysk faak ek de tillegrafy en letter de tillefony by de nasjonale posttsjinst ûnderbrocht, lykas it gefal wie mei de PTT ("Post, Telegraaf en Telefoon") yn Nederlân. Yn guon oare lannen fasilitearje poststjinsten sparrekkens (yn Nederlân wie dat mei Postbank ek oan 'e PTT ferbûn) en/of behannelje se oanfragen foar paspoarten en oare offisjele dokuminten.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.