Pieter Sijpersma
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Pieter Sijpersma (1953) is âld-haadredakteur fan de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden.
Pieter Sijpersma | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Pieter Sijpersma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1953 | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjoernalist | |
aktyf as | sjoernalist, redakteur | |
reden bekendheid | haadredakteur Ljouwerter Krante |
Pieter Sijpersma studearre Filosofy oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn 1986 kaam er yn tsjinst by de Ljouwerter Krante en klom op fan sjoernalist nei haadredakteur. Sijpersma gie de kommersjele kant út troch foar útjouwer NDC Mediagroep fjouwer jier lang de ynternettakke fan it bedriuw op te setten.[1]
Tusken 2003 en 2017 wie Sijpersma haadredakteur fan de Ljouwerter Krante en Dagblad van het Noorden. Letter wie Sijpersma direkteur fan NDC Elektronische Media. [2] By it Dagblad van het Noorden folge Sijpersma Jan Bonjer op, dy't oan de slach gie as haadredakteur fan it Algemeen Dagblad.
Yn 2021 waard Sijpersma plakferfangend haadredakteur fan RTV Noord as ferfanger fan haadredakteur Mischa van den Berg.[3]
Nei fjouwer jier foarsitter west te hawwen fan it Nederlands Genootschap van Hoofdredacteuren besleat Sijpersma yn 2014 om it stokje troch te jaan oan Marcel Gelauff (NOS).
Pieter Sijpersma kaam yn syn tiid as steateferslachjouwer by de LC yn de kunde mei de politikus Hans Wiegel doe’t dy Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân wie. Yn 2022 waard Sijpersma nominearre foar de Nederlânske Biografypriis foar syn biografy oer Wiegel.[4]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.