From Wikipedia, the free encyclopedia
It Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel (Gryksk: Οἰκουμενικὸν Πατριαρχεῖον Κωνσταντινουπόλεως, Oikoumenikon Patriarcheion Konstantinoupoleos), is in kristlike tsjerke fan eastersk-otterdokse synjatuer. Dizze tsjerke ferkeart yn kommuny mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken en stiet ûnder it bewâld fan 'e aartsbiskop fan Konstantinopel-Nij-Rome en oekumenysk patriarch, waans sit fan âlds yn Konstantinopel (it hjoeddeiske Istanbûl, yn Turkije) fêstige is. Troch syn lokaasje yn it hert en de haadstêd fan it âlde Byzantynske Ryk is it feitliks de memmetsjerke fan alle eastersk-otterdokse tsjerken, en histoarysk sjoen de wichtichste fan 'e ûnderskate Gryksk-otterdokse tsjerken.
Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel | ||
De Hagia Sofia yn Istanbûl wie de sit fan it Oekumenysk Patriargaat fan syn bou yn 537 ôf oant de Osmaanske ferovering fan 'e stêd yn 1453 (útsein tusken 1204 en 1261, doe't it ûnder it bestjoer fan 'e krúsfarders in roomske tsjerke wie). Nei 1453 wie it in islamityske moskee oant it yn 1931 in museum waard. | ||
algemiene ynformaasje | ||
off. namme | Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel | |
stifting | 330 | |
ûnôfhinklik | 1054 (f.d. Roomsk-Katolike Tsjerke) | |
erkenning | 1965 (Roomsk-Katolike Tsjerke) | |
titel primaat | aartsbiskop fan Konstantinopel-Nij-Rome en oekumenysk patriarch | |
sit primaat | Istanbûl (Turkije) | |
fierdere bysûnderheden | ||
streaming | eastersk-otterdoksy | |
tsjerketaal | Hellenistysk Gryksk | |
ledetal | 5.280.000 (2012) 5.900.000 (ynkl. de Tsjerke fan Kreta) | |
webside | www.ec-patr.org |
Dat is ek de reden dat de oekumenysk patriarch noch altiten beskôge wurdt as de primus inter pares (earste ûnder syn gelikensens) mank de eastersk-otterdokse patriargen. Oars as dat mei de paus fan Rome it gefal is yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, hat de oekumenysk patriarch lykwols yn 'e praktyk neat te sizzen oer de oare eastersk-otterdokse of sels Gryksk-otterdokse tsjerken, mei't dy folslein selsbestjoerend binne. Troch syn wiffe maatskiplike posysje yn it fierhinne islamityske Turkije hat er ek gjin inkele politike macht. It Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel brûkt it Hellenistysk Gryksk, de taal fan it bibelske Nije Testamint, as tsjerketaal.
De skiednis fan it kristendom yn Konstantinopel, doe noch Byzantium, giet tebek oant healwei de earste iuw, mar it wie yn it jier 330 dat de Romeinske keizer Konstantyn de Grutte Byzantium ta de haadstêd fan syn ryk makke en it omneamde ta Nij-Rome. Fan dy tiid ôf wûn de tsjerke dêre yn wichtigens oan, en groeide de ynfloed fan 'e pleatslike biskop. Datselde jiers noch ûntloek dy him oan it gesach fan 'e metropolyt fan Heraclea, oan wa't er foartiid ûnderhearrich west hie. Mei de ûntjouwing fan 'e hierargyske tsjerkestruktuer waard er ferheft ta eksarch (dy't fan heger rang is as in metropolyt). Stadichoan wreide er syn macht út oant it eksargaat fan Nij-Rome it grutste part fan Lyts-Aazje besloech en fierders Grikelân, Masedoanje en Traasje. Yn 381 waard Konstantinopel, sa't de stêd tsjin dy tiid neamd waard (om Konstantyn de Grutte te earjen), ferheft ta it fjirde patriargaat fan 'e tsjerke, nei Antiochië, Aleksandrië en Rome. Der bleau lykwols yn 't earstoan noch in bân bestean mei it patriargaat fan Antiochië, dêr't Konstantinopel foarhinne ûnder fallen hie, mei't de patriarch fan Konstantinopel yn 'e regel beneamd waard troch de patriarch fan Antiochië.
Fanwegen de sintrale posysje dy't it patriargaat fan Konstantinopel yn it Byzantynske Ryk ynnaam yn it hert fan 'e macht, woeks it almar mear yn oansjen, macht en ynfloed oan. De patriarch ûntjoech him as fansels ta de midsman tusken Tsjerke en keizer, en ta de gasthear fan biskoppen en oare tsjerklieders dy't yn Konstantinopel of oan it keizerlik hof wêze moasten. Meitiid groeide de tradysje dat de affearen fan 'e Konstantinopolitaanske tsjerke net inkeld ûnder tafersjoch stiene fan 'e eigen patriarch, mar ek fan synodale gearkomsten dêr't besykjende biskoppen sitting yn hiene. Sadwaande krige de patriarch de oantsjutting "oekumenysk", dêr't gjin universeel episkopaat oer de tsjerke mei bedoeld waard, mar ynstee mei tsjutten waard op 'e posysje fan 'e patriarch yn it sintrum fan 'e tsjerke. Dêrby kaam noch dat de patriarch ek sizzenskip hie oer de sinding ûnder de heidenfolken yn East-Jeropa.
In grut trelit dat it patriargaat yn 'e Byzantynske perioade yn 'e besnijing krige, wie de Byzantynske Byldestoarm, dy't yn 726 begûn, doe't keizer Leo III in dekreet útfeardige tsjin 'e ferearing fan bylden en oare keunstwurken, en de ferneatiging befoel fan ferskate ôfbyldings fan Kristus, wat op fûleindich ferset fan 'e befolking state. Keizer Konstantyn V liet yn 754 in konsylje gearroppe dat de byldeferearing fersmiet; dat late ta de willensmoedse ferneatiging fan in grut tal tsjerkeskatten. Nei de dea fan Konstantyn syn soan Leo IV, yn 780, soarge de keizerinne Irene der troch it Twadde Konsylje fan Nikéa, fan 787, foar dat de ferearing fan bylden syn âlde plak weromkrige. Yn 'e njoggende iuw fûn der nochris in byldestoarm plak, dy't yn 843 beëinige waard troch de keizerinne Teodoara: op 'e nij krige de byldeferearing syn âlde plak werom.
Yn 1054 ûntstie der, net foar it earst, in skeel tusken de tsjerken fan Rome en Konstantinopel; diskear rûn it lykwols út op in bliuwende tsjerkskuorring. De oarsaak foar dy brek moat socht wurde yn 'e kulturele ferskillen en teologyske ûnienichheden dy't altyd al tusken it Gryksktalige easten en it Latynsktalige westen bestien hiene, mar dy't sûnt de fal fan it West-Romeinske Ryk, yn 476, almar grutter wurden wiene. Dêrnjonken spilen dêrby ek de fersteurde politike ferhâldings tusken east en west in rol. De paus easke yn syn hoedanichheid fan biskop fan Rome en opfolger fan Petrus it gesach oer de hiele tsjerke op, de eastlike patriargaten ynbegrepen, wylst de patriarch fan tinken wie dat hy as lieder fan it Nije Rome it measte rjocht hie om as spiritueel lieder fan 'e eastlike tsjerke te fungearjen. In oar wichtich punt dat it skisma yn 'e hân wurke, wie de tafoeging fan it Filioque oan 'e leauwensbelidenis troch de Westerske tsjerke; om't dizze tafoeging net troch in oekumenysk konsylje oannommen wie, woe de easterske tsjerke him net akseptearje en beskôge dy him as teologysk ynkorrekt (oftewol kettersk). Alles mei-inoar rûn it derop út dat de paus fan Rome, Leo IX, de patriarch fan Konstantinopel, Michael Caerularius, ekskommunisearre en dat de patriarch op syn beurt de paus yn 'e ban die. Dit barren wurdt it Grutte Skisma neamd en markearret it ûntstean fan 'e eastersk-otterdoksy as selsstannige tsjerke.
Der is sûnt 1054 gauris besocht om 'e brek tusken east en west te hieljen, mar de kleau wie te djip en boppedat de ûnwil faak te grut. Pas yn 1965 fûn der in — oant no ta — bliuwende fermoedsoening plak, wêrby't paus Paulus VI en oekumenysk patriarch Athenagoras I as teken fan goede wil de wjerssidige anatema's fan 1054 annulearren.
Yn 1204 krige Konstantinopel te meitsjen mei de Fjirde Krústocht. Mei't de krúsfarders krap yn 'e finânsjes sieten, stimden se deryn ta om tsjin betelling de ôfsette Byzantynske keizer Aleksius IV wer op 'e troan te helpen. Mar nei't se Konstantinopel ynnommen en Aleksius wer oan 'e macht brocht hiene, fûn der in folksopstân plak wêrby't de keizer omkaam. De krúsfarders bleaune ûnbetelle efter en besleaten om dan sels har jild mar op te heljen. Fan 12 oant 15 april 1204 plonderen se de stêd ûnmeilydsum. Neat waard sparre: minsken waarden fermoarde, froulju waarden ferkrêfte en alle tsjerken en hillichdommen waard skeind. Nettsjinsteande de hillige eed dy't se ôflein hiene om it kristendom te beskermjen, fernielden, ûntwijden en stielen de krúsfarders alles dat los en fêst siet. Withoefolle ûnferfangbere keunstwurken fan 'e tsjerke waarden rôve, ferbaarnd of oan gruzeleminten slein. It waard neitiid rûst dat de wearde fan 'e bút 900.000 sulvermarken bedroech. De totale skea sil noch nammenste heger lein hawwe.
Neitiid besochten de krúsfarders de macht yn Konstantinopel yn 'e hannen te hâlden, troch it Latynske keizerryk Konstantinopel te fêstigjen. It patriargaat fan Konstantinopel wie twongen om út te wiken nei Nikéa, yn Lyts-Aazje, dêr't keizer Teodoarus Laskaris in regear-yn-ballingskip opsette. Pas yn 1261, doe't de "Franken", sa't de krúsfarders yn Konstantinopel neamd waarden, troch keizer Michael VIII Paleologus ferslein wiene en Konstantinopel wer de haadstêd fan it Byzantynske Ryk waard, kearde ek de oekumenysk patriarch werom nei syn âlde sit.
Neitiid rekke de Byzantynske macht, dy't troch de konfrontaasjes mei de krúsfarders slim oantaast wie, yn it neigean. Yn 1453 waard Konstantinopel úteinlik ynnommen troch de islamityske Osmaanske Turken, dy't it ta de haadstêd makken fan harren ryk. Under it regear fan sultan Mehmed II waard de oekumenysk patriarch yn 1454 oanwiisd as de geastlik lieder fan alle eastersk-otterdokse kristenen yn it Osmaanske Ryk, en net inkeld fan 'e Gryksk-otterdoksen. De Russysk-Otterdokse Tsjerke, dy't iuwenlang ûnder it gesach fan 'e oekumenysk patriarch stien hie, makke him dêr yn 1448 los fan. De opienfolgjende lieders fan dy tsjerke griepen de Osmaanske oerwinning fan 1453 en it islamitysk tafersjoch dêr't de oekumenysk patriarch fan dy tiid ôf ûnder kaam te stean, oan om harren op te werpen as de wiere lieders fan 'e eastersk-otterdokse tsjerken, en Moskou as it "Trêde Rome". Hoewol't der yn 1589 in beskate fermoedsoening plakfûn, bliuwe de relaasjes tusken it Oekumenysk Patriargaat en de Russysk-Otterdokse Tsjerke oant hjoed de dei ta muoisum.
Under it Osmaanske regear hie de tsjerke yn 't earstoan te krijen mei diskriminearjende wetten dy't strikt neilibbe wurde moasten. (Sa mocht bgl. de toer fan in tsjerke nea like heech of heger wêze as de minaret fan 'e moskee yn itselde plak.) Mar meitiid waarden in protte fan soksoarte wetten net mear sa strang kontrolearre, en foar it meastepart wist de tsjerke úteinlik yn it Osmaanske Ryk yn relative harmony gear te libjen mei de islaam en oare godstsjinsten en denominaasjes. It neidiel wie wol dat de oekumenysk patriarch faak troch de leauwenden as in setbaas fan 'e sultan beskôge waard, wylst de sultan him gauris ferantwurdlik hold foar de dieden fan 'e leauwenden. Doe't yn 1821 de Grykske Unôfhinklikheidsoarloch útbriek, liet sultan Mahmud II by wize fan repressaillemaatregel de oekumenysk patriarch Gregoarius V yn syn amtskladen oan 'e architraaf fan 'e patriargale Sint-Petruspoarte ophingje. Hy bleau dêr trije dagen lang hingjen; de poarte is sûnt nea wer iepene.
In oar neidiel fan 'e ferwevenheid fan it Oekumenysk Patriargaat mei it Osmaanske Ryk wie dat doe't it Ryk yn 'e njoggentjinde iuw begûn ôf te broazeljen, itselde barde mei it patriargaat. Sa moasten de opienfolgjende oekumenyske patriargen tasjen hoe't de iene nei de oare tsjerke syn autosefaly (it tsjerklik selsbestjoer) útrôp, al duorre it ornaris jierren foar't it Oekumenysk Patriargaat him dêrby dellei en soks erkende: de Servysk-Otterdokse Tsjerke (útroppen yn 1832/erkend yn 1879); de Tsjerke fan Grikelân (1833/1850); de Roemeensk-Otterdokse Tsjerke (1865/1885); de Bulgaarsk-Otterdokse Tsjerke (1860/1945); en de Albaneesk-Otterdokse Tsjerke (1922/1937). Oer de fêstiging fan 'e Tsjerke fan Kreta, yn 1900, wie minder strideraasje, mei't dy diel útmeitsjen bleau fan it Oekumenysk Patriargaat. Yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw moast it patriargaat trouwens ek bûten it (eardere) grûngebiet fan it Osmaanske Ryk tsjerklik selsbestjoer erkenne. Sa ûntstiene de Finsk-Otterdokse Tsjerke (1917/1923); de Estysk-Otterdokse Tsjerke (1917/1923); de Poalsk-Otterdokse Tsjerke (1924); en de Tsjechysk- en Slowaaksk-Otterdokse Tsjerke (1951/1998).
Yn it moderne, sekuliere Turkije hat de Gryksk-Otterdokse Tsjerke it net folle better as ûnder it Osmaanske Ryk. Men hat noch altiten te krijen mei slimme diskriminaasje. Fan gefolgen nimt de grutte fan 'e Grykske minderheid yn Turkije, en dêrmei fan it tal Gryksk-otterdokse leauwenden, troch emigraasje nei Grikelân almar fierder ôf. Unteigening fan tsjerkebesittings troch de Turkske steat en de fan oerheidswegen opleine sluting fan 'e Otterdokse Teologyske Skoalle fan Halki meitsje it foar it patriargaat hieltyd dreger om yn Turkije te operearjen. Troch in regeling mei Grikelân, wêrby't de tsjerke alle besittings binnen de Grykske lânsgrinzen oerdroegen hat oan 'e Grykske steat, wurdt de hiele geastlikheid fan it Oekumenysk Patriargaat, dy yn Turkije ynbegrepen, fan in fêst salaris foarsjoen troch de Grykske oerheid.
Yn teory hat it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel noch altyd teminsten trijefjirde part fan Lyts-Aazje op 'e noed, mar yn 'e praktyk besteane de bisdommen en parochys dêre allinnich noch mar yn namme, mei't der sûnt de Gryksk-Turkske Befolkingsruil ûnder it Ferdrach fan Lausanne, yn 1923, gjin eastersk-otterdokse kristenen mear libje. Inkeld yn Istanbûl, it âlde Konstantinopel sels, en op 'e beide Turkske eilantsjes yn 'e Egeyske See, Imbros (Turksk: Gökçeada) en Tenedos (Bozcaada) wenje noch Gryksk-otterdoksen, en dy meitsje mei-inoar minder as 5.000 minsken út.
Bûten Turkije falt ek de Grykske eilannegroep fan 'e Dodekanesos (mei Roados as grutste eilân), dy't pas yn 1947 by Grikelân kaam te hearren, streekrjocht ûnder it bestjoer fan oekumenysk patriarch. Op 'e Dodekanesos libje likernôch 180.000 Gryksk-otterdoksen. En dan binne der de saneamde "Nije Lannen" fan Grikelân. Dat binne Gryksk-Masedoanje, Epierus en de eilannen yn it noarden fan 'e Egeyske See, dy't yn 1912, nei de Earste Balkanoarloch, by Grikelân kamen te hearren, en West-Traasje, dat yn 1913, nei de Twadde Balkanoarloch, itselde oerkaam. Dy Nije Lannen falle offisjeel noch altiten streekrjocht ûnder it Patriargaat fan Konstantinopel. Ut praktyske omtinkens wurde se lykwols ûnder in oerienkomst mei Konstantinopel de facto bestjoerd troch de Tsjerke fan Grikelân, útsein de autosefale Monastyske Mienskip fan 'e Hillige Berch (op it skiereilân Athos) en it Patriargale Eksargaat Patmos (op it eilantsje Patmos), dat om histoaryske redens lytse selsstannige tsjerkjes binne dy't ûnderhearrich binne oan 'e oekumenysk patriarch. It tal leauwenden op Athos en Patmos mei gjin namme hawwe, mar de Nije Lannen telle likernôch 3 miljoen Gryksk-otterdoksen. Ek de Tsjerke fan Kreta stiet yndirekt noch ûnder it gesach fan 'e oekumenysk patriarch, hoewol't dêr yn 'e praktyk net in protte fan te merken is. De Tsjerke fan Kreta hat 620.000 leden.
Fierders binne der dan noch de fjouwer epargyen fan it Oekumenyske Patriargaat, dy't yn it Feriene Keninkryk, Itaalje, de Feriene Steaten en Austraalje de Gryksk-otterdoksen om utens betsjinje. Dy hawwe resp. 220.000, 150.000, 477.000 en 365.000 leden. De Gryksk-otterdokse metropoles yn 'e rest fan West-Jeropa, Kanada, Midden-Amearika en it Karibysk Gebiet, Súd-Amearika, Aazje en Nij-Seelân falle wer streekrjocht ûnder it gesach fan 'e oekumenysk patriarch. Dêrmei binne dan nochris in 850.000 leauwenden muoid. Alles mei-inoar komt it Oekumenysk Patriargaat dus út op in ledetal fan 5,9 miljoen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.