Pannoanyske Flakte
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Pannoanyske Flakte is in grutte flakte yn sintraal/súdeast Jeropa dat ûntstien is doe 't de Pannoanyske See (yn it Plioseen) opdrûge. De Grutte Hongaarske Leechflakte (Alföld) foarmet de kearn fan it gebiet.
De flakte wurdt omsletten troch de Dinaryske Alpen, de Alpen en benammen de Karpaten. Benammen yn Hongaarske teksten wurdt ek wol sprutsen oer it Karpatebekken. De rivier de Donau tespjaltet it gebiet sawat middentroch.
Mei útsûndering fan de noardlike berchkrite leit Hongarije folslein yn de Pannoanyske Flakte. De Grutte Alföld foarmet, lykas sein, it sintrum fan it gebiet, mar ek West-Hongarije wurdt by de flakte rekkene. Sadat is it licht deldragende hert fan Transdanubië as de dêrfan troch it Transdanubysk middenberchtme (Hongaarsk: Dunántúli-középhegység) skieden Lytse Alföld yn it noardwesten.
Oanslutend by de Lytse Alföld heart yn it noarden ek it leechlân fan eastlik Eastenryk by de flakte. Dat jildt ek foar it by de Grutte Alföld oanslutende leechlân yn Transkarpatysk Oekraïne, yn Roemeenje en yn Servje. As lêste wurdt ek de fuortsetting fan de Transdanubyske heuvels yn Kroaasje ta it gebiet rekkene.
De flakte wurdt foarme troch de boaiem fan de Pliosene Pannoanyske see en bestiet út tsjokke lagen sedimint. Dêrop is letter in laach löss ôfsetten dêr't it gebiet, alhoewol't der net folle delslach falt, oer it algemien tige fruchtber troch is.
It Transsylvanysk Plato en de Lučenec-Košice Depresje (beide diel fan de Karpaten) waarden eartiidds ek ta de Pannoanyske Flakte rekkene neffens âlde of net-geomorfologyske yndielings.
De ferskillende regio's, dy't harren net altyd oan de steatswetten hâlde, binne (mei dûbelen):
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.