Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Op Hatsum is in restaurant yn 'e buorskip Hatsum, ûnder it Fryske doarp Dronryp. It stiet fuort njonken it Stasjon Dronryp oan it spoar fan Ljouwert nei Harns en de trochgeande wei fan Baaium nei Dronryp. Skean foar it restaurant oer is de ôfslach nei de buorskip Keimpetille.
Op Hatsum | ||
bouwurk | ||
Op Hatsum fan it súdwesten ôf sjoen. | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Dronryp | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | restaurant | |
boujier | 1873 | |
offisjele webside | ||
www.ophatsum.nl |
It wytkalke Op Hatsum waard yn 1873 boud as kofjehûs, en bleau mear as in iuw lang yn gebrûk as horekagelegenheid. Yn 1987 begûn restaurateur Jaap Wolters der in fiskrestaurant, yn 't earstoan tegearre mei keunstsamler Thom Mercuur. Letter kaam Nienke Arendz dêr as partner by.
Wolters en Arendz holden yn 2006 op mei it restaurant. Neitiid ferhierden se it gebou oan ferskate útbaters, dy't it net ien fan allegear lang útholden. De lêste út dat rychje begûn mei Pinkster 2017 en sleat yn novimber fan datselde jier alwer de doarren. Dêrnei kaam Op Hatsum leech te stean. Yn maart 2018 skreau de Ljouwerter Krante dat Wolters en Arendz it gebou te keap set hiene foar in fraachpriis fan €425.000.
● (ned) Offisjele webside fan Op Hatsum
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.