Olst

From Wikipedia, the free encyclopedia

Olst is in doarp en eardere gemeente yn de Nederlânske provinsje Oerisel, yn de gemeente Olst-Wijhe. It doarp Olst hat 8.305 ynwenners (2023).

Fluch de feiten
Olst
Thumb
Utsjoch op Olst fanút Den Nul (2015)
Emblemen
Thumb                 
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Olst-Wijhe
Sifers
Ynwennertal8.305 (2023) [1]
Oerflak41,18 km²
dêrfan lân: 39,1 km²
dêrfan wetter: 2,08 km²
Befolkingsticht.276 ynw./km²
Oar
FerkearsierenSteatsline A,
N337
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten52° 20' NB, 6° 6' EL
Kaart
Thumb
Slute

Skiednis

De earste skriftlike fermelding is yn 947 ûnder de namme Holsto. Keizer Otto I befêstiget it kleaster Essen dan yn it besit fan ûnder oare hoven te Olst, Archem en Yrthe.

Fanwegen de Kâlde Kriich waard yn Olst, op it bûten De Haere, in wichtich ûnderdiel fan de Iselliny boud, mei in ôfsinbere daam yn de rivier en in slûs yn de rivierdyk. Ek leine der oer in grut gebiet ferspraat bunkers foar militêr ferbliuw en ferdigening. Dizze wurken wiene ûnderdiel fan in plan om in eventuele Russyske ynvaazje tsjin te hâlden troch de hiele Iseldelling ûnder wetter te setten. Oant 2001 wie Olst it haadplak fan de gemeente mei deselde namme.

Ferkear en ferfier

Olst leit oan de rivier de Isel. Fia it westen is Olst berikber fia de fearpont Olsterveer. Olst is ek berikber fia de N337 en fierder is der in treinstasjon, stasjon Olst oan de Steatsline A.

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.