Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Azerbeidzjaanske ynvaazje yn Nagorno-Karabach yn 2023 wie in grutskalich Azerbeidzjaansk militêr offinsyf op 19 en 20 septimber 2023 tsjin 'e eardere Republyk Artsach yn 'e regio Nagorno-Karabach. Dêrmei skeinde Azerbeidzjan in akkoard út 2020. Ynternasjonaal wurdt it gebied erkend as ûnderdiel fan Azerbeidzjan, mar it gebiet waard befolke troch Armeenjers.
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||
De operaasje fûn plak yn in tiid dat it gebiet moannelange troch Azerbeidzjan isolearre waard, wêrtroch in jimmeroan slimmer wurdende humanitêre krisis ûntstie. Der ûnstiene in soad tekoarten oan primêre behoeften, lykas fiedsel, medisinen en oare saken. Troch it bemiddeljen fan it Russyske fredeshanthaveningskommando yn Nagorno-Karabah waarden de wapens dellein.
Yn 'e dagen dêrnei kaam in úttocht fan 'e Armeenske befolking op gong, dy't oer de Laçın-korridor nei Armeenje flechte. It resultaat fan 'e koarte Azerbeidzjaanske operaasje wie it herstel fan it Azerbeidzjaanske gesach oer hiel Nagorno-Karabach en dat de de fakto autoriteiten nei Armeenje ferballe waarden.
Nagorno-Karabach is in enklave yn Azerbeidzjan, wêrfan't de befolking út Armeenjers bestie. De befolking hie mei Armeenje ien ferbining, de saneamde Laçın-korridor. Sûnt de ein fan 'e Sovjet-Uny wie it feitlik ûnôfhinklik mei in sterke ôfhinklikens fan Armeenje.
Der is tusken Armeenjers en Azerbeidzjanen al hiel lang striid oer it gebiet sûnt de earste Armeenske en Azerbeidzjaanske republiken nei de Russyske Revolúsje fan 1917. De Sovjet-lieding stifte de Autonome oblast Nagorno-Karabach as ûnderdiel fan 'e Azerbeidzjaanske sovjetrepublyk. Mei de ûntbining fan 'e Sovjet-Uny bruts in wapene striid út, dy't mank gie mei etnyske suveringen en Nagorno-Karabach ferklearre him yn 1991 ûnôfhinklik fan Azerbeidzjan. Yn 1994 kaam der in ein oan 'e wapene striid.
Yn 'e hjerst fan 2020 lôge de striid wer op, dy't in pear moanne duorre. De Azerbeidzjaanske striidkrêften wisten it suden fan 'e regio foar in grut part te oermasterjen. Nei Russyske tuskenkomst waarden de wapens wer dellein en in akkoard tekenen. Mei dat akkoard ferlear de republyk Nagorno-Karabach alle gebieten bûten de eardere Autonome oblast Nagorno-Karabach en de troch Azerbeidzjan oermastere gebieten yn dy eardere oblast.
Yn Nagorno-Karabach waard in Russyske fredesmacht stasjonearre, dy't de frontliny mei Azerbeidzjan beweitsje moast. Ek waard ôfpraat dat dy fredesmacht yn stie foar de frije Armeenske trochgong troch de Laçın-korridor. Azerbeidzjan hie nammentlik it gesach werom krige oer it gebiet tusken Nagorno-Karabach en Armeenje.
De Azerbeidzjaanske operaasje tsjin Nagorno-Karabach levere ynternasjonaal skerpe reaksjes op. Ruslân rôp op om de wapens del te lizzen en de autoriteiten fan Nagorno-Karabach giene akkoard mei in útstel fan Russyske fredestroepen om op 20 septimber om 13:00 de wapens swije te litten. Yn it akkoard gie it regear fan Nagorno-Karabach mei yn in ûntwapening en in petear mei it Azerbeidzjaanske regear oer de re-yntegraasje fan it grûngebiet yn Azerbeidzjan.
Ien fan 'e Azerbeidzjaanske easken oan Nagorno-Karabach en Armeenje wie om in list fan persoanen oer te dragen foar ferfolging en berjochting yn Azerbeidzjan. Dêrûnder wiene ek de oerheidsfunksjonarissen en eardere en hjoeddeiske militêre lieders fan 'e enklave. Dêrnei folge in massale úttocht fan Armeenjers út Nagorno-Karabach. In soad sochten taflecht op 'e lofthaven fan Stepanakert, dêr't de Russyske fredesmissy siet.
De Azerbeidzjanen holden harren net oan 'e wapenstilstân en beskeaten Stepanakert noch in pear oeren dêrnei. By it doarp Tsjankatagh (Nagorno-Karabach gewest Mardakert, Azerbeidzjaansk distrikt Tərtər) waarden fiif Russyske fredessoldaten yn harren wein deasketten troch Azerbeidzjaansk fjoer, wylst se fan in observaasjepost werom kamen. Armeenje beskuldige Azerbeidzjan derfan dat it op Armeenske soldaten skeat yn 'e grinsstêd Sotk, itjinge Azerbeidzjan ûnstride.
Op 21 septimber 2023, in dei nei de ein fan it offinsyf, fûn der yn Yevlax in petear plak tusken de Armeenske mienskip fan Karabach en it regear fan Azerbeidzjan oer de re-yntegraasje fan 'e befolking yn Azerbeidzjan. It regear oerlange dêrby in plan mei easken oan 'e delegaasje fan 'e Armeenske mienskip.
Op 28 septimber feardige presidint Samvel Sjachramanjan fan 'e Republyk Artsach in dekreet út dat de republyk mei yngong fan 1 jannewaris 2024 opheft wurde soe en hy rôp de bewenners op om harren op 'e hichte te stellen fan 'e yntegraasje-easken fan Azerbeidzjan. De republyk hie him yn 'e oarloch fan 1988-1994 yn 1991 sels ûnôfhinklik ferklearre en wie de fakto sûnt ûnôfhinklik. De republyk waard lykwols troch gjin ien lân erkend, ek net troch Armeenje.
Op 22 desimber 2023 sei presidint Sjachramanjan dat it opheffingsdekreet net jildich wie en dat der earst in referindum plakfine moast om de ûntbining fan Artsach rjochtsjildich te meitsjen. Sûnt 2023 hat it ferballe regear en parlemint fan Nagorno-Karabach syn sit yn Jerevan.
Om 't de Armeenske befolking fan Nagorno-Karabach benaud wie foar etnyske suveringen en ferfolging, ûnstie in massale flecht fan tsientûzenen Armeenjers út it gebiet rjochting Armeenje troch de Laçın-korridor, dy't foar dat doel iepensteld wie troch de Azerbeidzjaanske autoriteiten. Oardel wike nei it Azerbeidzjaanske offinsyf wiene neffens rûzings goed 100.000 fan 'e 120.000 Armeenjers út it gebiet flechte
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.