De Noardamerikaanske mûzen en rotten (wittenskiplike namme: Neotominae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), dy't mei twa oare ûnderfamyljes de ynformele groep fan 'e mûzen en rotten fan de Nije Wrâld opmakket. Foarhinne waarden de Noardamerikaanske mûzen en rotten wol ûnderbrocht by de mûzen en rotten fan de Nije Wrâld (Sigmodontinae), mar tsjintwurdich is de selsstannigens fan dizze ûnderfamylje algemien akseptearre. De Noardamerikaanske mûzen en rotten foarmje ien fan 'e lytsere ûnderfamyljes fan 'e wrotmûseftigen, mei yn totaal 126 soarten.
Noardamerikaanske mûzen en rotten | ||
De hartemûs (Ingelsk: deer mouse, de bekendste soarte fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | kjifdieren (Rodentia) | |
ûnderskift: | mûzen en jerboä's (Myomorpha) | |
boppefamylje: | mûzen en rotten (Muroidea) | |
famylje: | wrotmûseftigen (Cricetidae) | |
(ynformeel): | mûzen en rotten fan de Nije Wrâld | |
ûnderfamylje: | Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae) | |
Merriam, 1894 | ||
Underfamylje-opbou
|
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.