Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Nikolaj Nikolajevitsj Ge (Russysk: Николай Николаевич Ге) (Voronezj, 27 febrewaris 1831 - Ivanovski Choetor (ûnder Tsjernigov), 13 april 1894) wie in Russysk keunstskilder fan Frânske komôf. Hy makke fral portretten en histoarjestikken. Hy wie ien fan de oprjochters fan it keunstnerskollektyf De Swalkers yn 1870.
Ge syn pake emigrearre yn de 18e iuw nei Ruslân. Syn âlden stoaren doe't er noch in bern wie, dat hy waard grutbrocht troch in liifeigene fersoarchster. Ge kaam yn 1847 oan de universiteit fan Kiev, en in jier letter oan de universiteit fan Sint-Petersburch; hy studaerre natuerkunde en wiskunde. Fan 1850 oant 1857 studearre er oan de Keizerlike Akademy fan de Keunsten yn Sint-Petersburch. Hy slagge mei in gouden medalje foar it skilderij De heks fan Endor ropt de geast fan de profeet Samuel oan.
Dêrnei reizge er nei Itaalje (1860) om de klassike âldheid en de Renêssânse te bestudearjen. Yn 1863 waard Ge beneamd ta professer oan de Keizerlike Akademy fan de Keunsten. Yn 1864 giet er werom nei Florence dêr't er befreone rekke mei de pro-westerske tinker en skriuwer Aleksander Herzen en portrettearre him doe ek. It duorre oant 1869 ear't er foar altyd nei Ruslân werom gie. Ge syn betide wurk waard beynfloede troch Karl Brjoellov.
Hy kocht in lytse buorkerij yn Noard-Oekraïne en waard goede freon fan de skriuwer Lev Tolstoj, en in protte fan Tolstojs idealen wienen ek sines. (Ge skreau dat in minske agrarysk wurk dwaan moatte soe en dat keunst net te keap wêze moatte soe.) Ge wenne fan 1873 ôf op Tolstojs bûtenpleats Jasnaja Poljana ek yn noardlik Oekraïne. Yn dy tiid skildere Ge meast religieuze ûnderwerpen, dêr't er in protte bewûndering foar krige.
Fan 1880 ôf makke er ek wer portretten (elts hat rjocht op in portret fan himsels), de prizen liet er ôfhingje fan wat de portrettearde misse koe.
In protte fan syn wurk is weiwurden, hoe as wat bliuwt in mystearje. Oan de ein fan syn libben skonk Ge al syn wurk oan syn Switserske goeddogger Beatrice de Vattville, yn ruil foar in lege hier foar de jierren dy't er noch belibje soe. Sy stoar yn 1952, mar fan Ge syn wurk waard neat fûn yn har kastiel. Under dat ferlern giene wurk wie ek Ge's ûnderstelde 'magna opus' De Krusiging. Earst yn 1974 waarden Ge's tekeningen weromfûn yn in twadde-hânssaak troch keunstsamlers .[1]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.