strjitte yn Ljouwert From Wikipedia, the free encyclopedia
De Nijstêd (Nederlânsk en offisjeel: Nieuwestad) is in strjitte en buert yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert. It is de wichtichste winkelstrjitte fan Ljouwert, dy't rûchwei yn east-westrjochting troch de binnenstêd rint. De Nijstêd wurdt troch in grêft ferdield yn in 'stille' en in 'drokke' kant. Beide kanten wurde ferbûn troch in tal brêgen oer de grêft. Der komme ferskate oare strjitten en stegen op 'e Nijstêd út. Oan it begjin (de westein) fan 'e 'stille kant' stiet it Burmaniahûs, dat funksjonearret as it gemeentehûs fan Ljouwert. Fierders steane der 41 oare ryksmonuminten oan 'e Nijstêd, wêrûnder de Waach.
De Nijstêd hat yn 'e midden in grêft, en bestiet sadwaande út in noardkant en in súdkant. De measte winkels sitte fan âlds oan 'e súdkant, dy't dêrom yn 'e folksmûle almeast de 'drokke kant' neamd wurdt. De noardkant stiet, yn kontrast dêrmei, bekend as de 'stille kant'. Sûnt de 1980-er jierren fêstigje har almar mear winkels oan 'e 'stille kant', dat dizze nomenklatuer giet tsjintwurdich feitlik net mear alhiel op. Boppedat sitte der in protte kafees en oare horekagelegenheden (lykas nachtklubs en de bioskoop Tivoli) oan 'e stille kant, dat benammen as it goed waar is, sitte de terraskes dêr fol en kin men eins kwealk fan 'e 'stille kant' sprekke.
De westlike útein fan 'e Nijstêd wurdt oer it algemien as it 'begjin' fan 'e strjitte beskôge. De strjitte ûntstiet dêr yn it ferlingde fan 'e Westerpiip, dy't tagong jout ta de fan noard nei súd rinnende Toerstrjitte. Dêrwei rint de Nijstêd yn rûchwei eastsúdeastlike rjochting oant er op 'e hichte fan 'e Lange Piip in knik makket en yn eastlike rjochting trochrint by it Waachplein lâns. De Nijstêd einiget op it krúspunt dêr't de Wurdumerdyk út it suden komt en de Sint-Jabiksstrjitte út it noarden, wylst oare kant de krusing yn it ferlingde fan 'e Nijstêd de Piperstrjitte begjint.
Strjitten en stegen dy't útkomme op 'e Nijstêd binne oan 'e stille (noardlike) kant fan west nei east: de Burmaniastrjitte, de Lytse Tsjerkestrjitte (dy't yn noardlike rjochting nei it Aldehoustertsjerkhôf liedt), de Nije Steech, de Beginesteech, de Weard, en it Hearewâltsje. Op 'e drokke (súdlike) kant fan 'e Nijstêd komme út (ek fan west nei east): it Grut Skavernek (dat súdoan yn 'e rjochting fan it nije Mata Hariplein en de Skaverneksbrêge rint), de Wolvesteech, de Haniasteech, de Ipe Brouwerssteech, it Struivingspoartsje, de Doelesteech (of Alde Doelesteech), de Huoddemakkerssteech en de Alde Lombardsteech. Fan 'e Haniasteech ôf komme dy oan 'e súdkant allegear út op it Ruterskertier, dat parallel oan 'e Nijstêd rint.
De Nijstêd hat fan âlds trije brêgen oer de grêft, dy't tagong jouwe fan 'e stille nei de drokke kant en oarsom. Dat binne fan west nei east: de Duca Martenapiip, dy't likernôch yn it ferlingde leit fan 'e noard-súdrûte fia de Lytse Tsjerkestrjitte en de Ipe Brouwerssteech; de Nije Piip, dy't diel útmakket fan 'e noard-súdrûte fia de Nije Steech en de Doelesteech; en de Lange Piip, dêr't oan 'e noardkant sawol de Beginesteech as de Weard op útkomme en oan 'e súdkant de Alde Lombardsteech. Op 'e Lange Piip stiet ek it bekende stânbyld fan it Frysk hynder. Súdlik fan 'e grêft giet de Lange Piip oan 'e eastkant oer yn it Waachplein, dat neamd is nei it dêr steande Waachgebou. Oan 'e eastkant fan 'e Waach is dêr noch in houten fuotgongersbrechje oer de grêft makke yn it ferlingde fan it Hearewâltsje, dat sadwaande de Hearewâltsjefuotbrêge neamd wurdt. It wie deunby dat brechje, oan 'e stille kant fan 'e Nijstêd dat Meindert Tjoelker op 13 septimber 1997 by in gefal fan sinleas geweld om it libben brocht waard. Sadwaande is dêr yn 1998 in tinkstien foar him oanbrocht.
De namme 'Nijstêd' waard yn 1456 foar it earst neamd yn in histoaryske boarne as tafoege strjitte fan Ljouwert. Yn 1601 waard een diel fan 'e Nijstêd tusken de Lange Piip en de Martenapiip bestimd foar fleismerk. De 'stille' (noardlike) kant waard oant 1877 almeast net as 'Nijstêd' oantsjut, mar mei de nammen fan 'e deunbyste brêgen. De 'drokke' (súdlike) kant waard wol fan âlds 'Nijstêd' neamd of in fariant dêrop: yn 1456 Nye Stedsrea, yn 1475 upper Nyasted. Fan 1827 oant 1891 wie der in Winkel fan Sinkel oan 'e Nijstêd fêstige. Yn 1992 wie der in grutte útslaande brân oan 'e drokke kant fan 'e Nijstêd yn it pân fan kleanwinkel Wibra. Behalven dat gebou giene ek it oanbuorjende Supertex en Kooistra Kleding yn flammen op.
De 'drokke kant' fan 'e Nijstêd wie fan âlds dé winkelstrjitte fan Ljouwert. Winkels dy't dêr anno 2018 sitte, binne û.m. kleanwinkels as Ursula Mode, de Wibra, C&A, Hunkemöller, Miss Etam en H&M, optisiêns as Specsavers en Pearle Opticiens, ferskate skuonwinkels en juweliers en fierders de HEMA, Parfumerie Douglas, Etos, Vodafone en Boekenvoordeel. Ek bioskoop Cinema is oan 'e drokke kant fan 'e Nijstêd fêstige, wylst de eardere konkurrint Tivoli oan 'e stille kant sit (tsjintwurdich hawwe beiden deselde eigner). Boekhannel Van der Velde, dy't earst yn it pân op 'e eastlike hoeke fan 'e Nijstêd en de Doelesteech siet, ferhuze yn 2005 nei in grutter en rommer gebou oan 'e stille kant. De sluting fan it Ljouwerter filiaal fan V&D, yn 2016, dat op 'e hichte fan it Waachplein oan 'e drokke kant fan 'e Nijstêd siet, wie in grutte klap foar de strjitte.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.