From Wikipedia, the free encyclopedia
Niederzissen is in Ortsgemeinde yn 'e lânkring Ahrweiler yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It is it haadplak fan 'e ferbânsgemeente Brohltal.
Niederzissen | ||
Sint-Germanustsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Ahrweiler | |
ferbânsgemeente | Brohltal | |
Stedsyndieling | 2 Ortsteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.784 (2022)[1] | |
Oerflak | 11,95 km² | |
Hichte | 203 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 56651 | |
Koördinaten | 50° 26' N 7° 13' E | |
Offisjele webside | ||
niederzissen.de | ||
Kaart | ||
Niederzissen leit yn in syddelling fan 'e Ryn oan 'e foet fan 'e Bausenberg, de bêste bewarre hoefizerkrater fan it lân. Tusken fulkaanbergen rint it histoaryske paad oer it plak rjochting Eifel.
De Ortsgemeinde Niederzissen bestiet út de twa Ortsteilen Niederzissen en Rodder en de buorskippen Haus Waldfrieden en Kurheim Bausenberg.
Niederzissen is ien fan 'e âldste delsettings fan 'e omkriten. Yn Niederzissen binne ek Keltyske en Romeinske wapens fûn. Der is in fragmint fan in bile út de jonge stientiid fûn fan in stiensoarte dy't út it gebiet komt. De namme 'Zissen' komt fan it Keltysk en bestjut "efterôf lizzend", dat ek tsjut op in iere bewenning fan 'e lokaasje.
Lykas de rest fan it gebiet op 'e lofter kant fan 'e Ryn waard Niederzissen yn 1794 troch de Frânsen beset. It Weenske Kongres wiisde nei de fal fan Napoleon it gebiet oan Prusen ta.
It doarp Rodder waard yn 1979 by Niederzissen yndield.
It stasjon fan Niederzissen leit oan it Brohltalspoar, in smelspoar fan Brohl-Lützing nei Engeln. Likernôch fiif kilometer fan Niederzissen is de oansluting op 'e Autobahn 61. Troch de delling fan 'e Brohlbach hinne rint de Bundesstraße 412 fan 'e Autobahn 61 nei de Ryn.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.