From Wikipedia, the free encyclopedia
Nederland is in buorskip yn de gemeente Stienwikerlân yn de Kop fan Oerisel yn de provinsje Oerisel, Nederlân. It hat in befolking fan sa'n 20 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Nederland (Oerisel) | ||
Sicht op Nederland | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Oerisel | |
gemeente | Stienwikerlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 20 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8362 | |
Koördinaten | 52° 45' NB, 5° 58' EL | |
Kaart | ||
It plakje waard foar it earst neamd tusken 1830 en 1855 as 't Nederland, en betsjut "leechlân". Nederland hat in statistyske yngong, en in eigen postkoade. Oarspronklik wie it plakje allinnich mei de boat te berikken. Yn 1840 wennen dêr 182 minsken en wie it in feanôfgravingsdoarp .
De buorskip leit yn it Nasjonaal Park Weerribben-Wieden, net fier fan it stedsje Bloksyl, tichtby de N333 tusken Stienwyk en Marknesse. In pear oare plakken yn de buert binne Baarlo, Kalenberg, Muggenbeet, Scheerwolde en Wetering.
It plakje leit oan kuier-, fyts- en kanorûtes en is as der natueriis leit ek by reedriders populêr. Sawol it Suderseepaad as it Oeriselsk Havezatepaad komt bygelyks troch Nederland.
Der rint ien wei troch Nederland, dy't yn it gehucht fan namme feroaret: Veldhuisweg wurdt Rietweg. Fierder is der in splitsing fan twa wetterwegen: de Heer van Diezenvaart (rjochting Kalenberg) en de Roomsloot (rjochting Bloksyl ).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.