From Wikipedia, the free encyclopedia
Murk van Phelsum (Ljouwert, 6 augustus 1732 - Snits, 21 augustus 1779) wie in dokter die yn Snits wenne. It hagedissengeslacht Phelsuma (Madagaskar-deigekko's) is nei him neamd.
Van Phelsum begûn op 17 novimber 1754 medisinen te studearjen oan de Universiteit fan Frjentsjer, dêr't er ek syn doktoraal helle. Hy fêstige him as arts yn Boalsert en ferhuze yn 1764 nei Snits. Van Phelsum wie in helmintolooch, hy bestudearre (parasitêre) wjirms. Op 13 maart 1780 waard syn bibleteek ferkocht.
De datum fan syn ferstjerren is te finen op in betinkingsleppel [1]:
Murk Fekkes van Phelsen is overleeden op saterdag de 21 aug 1779 s morgens om 6 uur oud 47 jaar en 2 weeken
Yn 1825 neamde de Britske soölooch John Edward Gray in skaai fan gekko's nei Van Phelsum. Gray wie de earste dy't dit skaai beskreaun. It bestiet út mear as fjirtich soarten en tweintich ûndersoarten, dy't faak prachtige kleuren hawwe. Twa soarten binne yntiid útstoarn.