From Wikipedia, the free encyclopedia
It Muiderslot is in midsiuwsk kastiel yn it Noard-Hollânske Muiden. It is in ryksmuseum.
It kastiel is in fjouwerkante wetterboarch. Op elke hoeke stiet in rûne toer. Binnen de muorren stiet in grut gebou mei trepgevels. It kastiel hat in slotgrêft mei in ophelbrêge. Bûten it kastiel is in prommehôf, dy't ek bestie yn de tiid fan Hooft. (In ferneamde útdrukking fan Hooft tsjin de oare leden fan de Muiderkring: "Oant sjen yn de prommetiid"). Der is ek in restaurearre griente- en krûdetún.
It Wetterlinypaad en it Floaris V-paad rinne lâns it Muiderslot.
Wannear’t it Muiderslot boud is, is net wis. Meastentiids wurdt sein dat it om 1280 troch greve Floaris V boud waard, mar mooglik bestie it kastiel al earder en hat de greve it kastiel kocht. It kastiel waard boud oan de mûning fan de Fecht yn de Sudersee, de tsjintwurdige Iselmar. Fuort by it kastiel leit Muiden mei syn skildereftige haven.
Middels in keatling oer de Fecht koe Floaris V tol heffe by de lânsfarrende skippen.
Greve Floaris V waard op 27 juny 1296 yn de omkriten fan it kastiel fermoarde. Op in falkejacht waard hy finzen nomd troch de meidwaande eallju Gysbrecht IV fan Amstel en Herman fan Woerden. Hy waard fiif dagen finzen setten yn it kastiel. By in ûntsnappingspoging út it kastiel waard hy, troch ûnder oaren Gerard fan Velsen, deadien mei 22 messtekken.
It kastiel waard dêrnei ferwoaste troch biskop Willem fan Mechelen, dy’t grif mei de stiennen fan it Muiderslot it kastiel Vredelant (Vreeland) útwreidzje liet. Wat oerbleau wie in 'boarchterrein', pas 70 jier letter waard troch greve Albrecht fan Beieren om 1370 op itselde plak en mei deselde plattegrûn it (hjoeddeiske) Muiderslot wer opboud (hoewol’t der ek suggestjes binne dat it slot nea ferwoaste west hat [1]).
Yn de Frânske tiid waard it kastiel as kazerne troch it Frânske leger brûkt. Nei 1795 waard it slot net mear bewenne en rekke yn ferfal. It Ministearje fan Definsje brûkte it as opslachplak, oant it gebou dêrfoar te brekfallich waard. Yn 1825 waard it foar sloop te keap oanbean, wat safolle betsjutte dat de keaper it gebou slope mocht en de ôfkommende boumaterialen yn eigendom krige (it terrein waard dus net te keap oanbean). Nei in soad oproppen oan kening Willem I, ûnder oare fan histoarikus en literator Samuel Iperus Wiselius, waard de ferkeap lykwols behindere. It gebou waard troch it Ministearje fan Oarloch oerdroegen oan it Ministearje fan Ynlânske Saken. De Ofdieling Keunsten en Wittenskippen fan dat ministearje begûn pas yn 1895 mei de restauraasje, dy’t útfierd waard ûnder lieding en neffens plannen fan Pierre Cuypers. It Muiderslot en de festing der omhinne binne noch altiten eigendom fan de Steat (Ryksgebouwetsjinst).
It Muiderslot waard meastentiids bewenne troch slotfâden, dy’t it kastiel út namme fan harren hear behearden; dat wie bygelyks de biskop of de lângreve. Yn it begjin fan de 16e iuw waard it kastiel koarte tiid eigendom fan de Geldersken. Yn de Tachtichjierrige oarloch waard yn 1577 it slot út namme fan Willem fan Oranje ynnomd.
De meubels, it húsrie en skilderijen dy’t no yn it kastiel te besichtigjen binne, komme út de 17e iuw. Yn dy perioade libbe de skriuwer Pieter Cornelissoan Hooft yn it kastiel. Hy samle oare keunstners om him hinne, de Muiderkring neamd.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.