Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Fermanje fan Poppenwier oan de Binnenbuorren is in ryksmonumint. De menisten fan Poppenwier foarmje net mear in selsstannige gemeente en binne sûnt 2006 opgien yn de 'Menistegemeente Mid-Fryslân'. Hja tsjerkje tsjintwurdich yn de Fermanje fan Grou. Sawol it eksterieur as it ynterieur fan de tsjerke is lykwols goed bewarre bleaun.
Fermanje | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Poppenwier | |
adres | Binnenbuorren 6 | |
koördinaten | 53° 05' N 5° 44' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
status | Net yn gebrûk as tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | J. en Th. Romein | |
boujier | 1835 | |
boustyl | Neoklassisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 514875[1] | |
Webside | ||
Stifting Fryske Fermanje | ||
Kaart | ||
Mei of fuort nei de reformaasje ûnstie der in menistegemeente yn it doarp. Wylst de katoliken de midsiuwske Nikolaastsjerke ôfstean moasten oan de oanhingers fan de kalvinistyske lear, waard it de menisten tastien harren tsjinsten te fieren yn in ûnopfallende skûltsjerke.
De tsjintwurdige tsjerke datearret út 1848, doe't it gebou fergrutte wurde moast. En alhoewol't yn de rin fan de tiid in wente by de tagong ôfbrutsen waard, falt de tsjerke noch jimmeroan hast net op tusken de oare bebouwing. It giet om in ienfâldige sealtsjerkje fan brune bakstien, dy't op it westen trijesidich ôfsletten wurdt en in gearstald skylddak hat.
De tsjerke waard yn 1996 restaurearre. Yn 2008 waard de Poppenwierster fermanje mei dy fan Akkrum, Wergea, Terherne en Aldeboarn sletten, nei't de menistegemeente fan Poppenwier al earder de selsstannigens ferlear. De menistegemeente Mid-Fryslân hold allinne de tsjerke fan Grou oer.
Mei de fermanjes fan Akkrum, Aldeboarn en Terherne waard de Poppenwierster tsjerke ûnderbrocht by de 'Stifting Fryske Fermanje', dy't de tsjerken yn oarspronklike steat hâlde wol.
Oan wjerskanten fan it middenpaad steane seis rigen banken, werfan't de earste banken in hegere rêch en in doarke mei in klinke hawwe. De preekstoel stiet op it westen yn in ferhege dooptún. Oan wjerskanten fan de preekstoel mei klankboerd steane oerkape banken foar de tsjerkerie. De tsjerke hat in kreake oan de eastlike kant, mar in piipoargel is der net. Ynstee dêrfan waard it sjongen troch in harmoanium begelaat.
De swiere lûkbalken binne mooglik noch ôfkomstich út it earste tsjerkegebou fan de menisten.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.