In liter is in ynhâldsmjitte dy't yn it deistich ferkear in soad brûkt wurdt om it folume fan in floeistof of in gas oan te jaan. Hoewol't it gjin SI-ienheid is, wurdt it brûken derfan eksplisyt akseptearre troch it Bureau International des Poids et Mesures (BIPM). It troch it BIPM oanrikkemandearre alternatyf is om folumes yn kubike desimeters of kubike meters út te drukken.
Yn 'e measte lannen wurdt yn de regel it symboal l foar liter brûkt. Op oare plakken, benammen yn de wittenskiplike literatuer, wurdt ek it symboal L brûkt; Dit wurdt dien om betizing mei it sifer 1 foar te kommen.
Etymology
De mjitte 'liter' komt út 1793, doe't hy yn Frankryk yn 'e tiid fan 'e Frânske revolúsje ynfierd waard. De namme liter (litre yn it Frânsk) is ôflaat fan in âldere Frânske mjitte, de litron. Dy namme is oarspronklik Gryksk en kaam fia it Latyn yn it Frânsk telâne.
Omrekkenings nei gruttere en lytsere ynhâldsmjitten
- lytser as in liter
- 1 liter is gelyk oan 1.000.000 mikroliter (µL) of 1.000.000 kubike milimeter (mm³)
- 1 liter is gelyk oan 1.000 mililiter (mL) of 1.000 kubike sintimeter (sm³)
- like grut as in liter
- 1 liter is gelyk oan 1 kubike desimeter (dm³)
- grutter as in liter
- 1 kiloliter (kL) of 1 kubike meter (m³) is gelyk oan 1.000 liter
- 1 megaliter (ML) of 1 kubike dekameter (dam³) is gelyk oan 1.000.000 liter
- 1 gigaliter (GL) of 1 kubike hektometer (hm³) is gelyk oan 1.000.000.000 liter
- 1 tearaliter (TL) of 1 kubike kilometer (km³) is gelyk oan 1.000.000.000.000 liter
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.